De Oerfal – 75 jier

06 des 2019 - 16:29

Op 8 desimber is it 75 jier lyn dat by in spektakulêre oerfal op de finzenis fan Ljouwert 51 minsken befrijd waarden. Hessel de Walle skreau it boek 'De mannen van de Overval - heroïek en tragiek in 26 levensverhalen.' Fryslân DOK makke in film oer dy oare kant fan de Oerfal.

Ut de libbensferhalen fan de oerfallers blykt dat de Oerfal dan wol tige goed taret wie en sûnder geweld ferrûn, mar dat in tal dielnimmers dochs in hege priis betelle foar harren fierdere rol yn it ferset. In protte oare aksjes fan dizze mannen út de knokploegen wiene lang net sa suksesfol of geweldleas. It ferset brocht twa Joadske ûnderdûkers om it libben, ek oare minsken waarden dea sketten. Der wiene grouwélige represailles fan de Dútsers. Yn jannewaris 1945 fusillearren de Dútsers tweintich minsken by Dokkum. Yn april 1945, flak foar de ein fan de oarloch, wie de eksekúsje fan fjirtjin minsken by Dronryp.

Morele dilemma's
It binne oantinkens en morele dilemma's dy't de oerfallers harren hiele libben meidroegen hawwe. Fan posttraumatyske stress hie net ien noch heard, mar guon koene de nachtmerjes mar kwealik te boppe komme. Dochs is Hessel de Walle yn syn konklúzje fan it boek posityf. It opkommen foar rjochtfeardichheid en de risiko's dy't de mannen naam hawwe foar de frijheid fan eltsenien, makken dizze keuzes mear as wurdich.

Eardere films
Der is in protte skreaun oer de Oerfal fan 8 desimber 1944, mar it ferhaal sit foaral yn ús kollektyf ûnthâld troch de swart-wyt film út 1962. Fryslân DOK makke der al twa kear in dokumintêre oer. De earste nei oanlieding fan it op 'e nij útbringen fan de film, de twadde oer it iepenloftstik yn 2013.


Fryslân DOK 'De Oerfal - 75 jier'
14 desimber 15.30 oere op NPO2 (Nederlânske ûndertiteling, werhelling 15 desimber 13.00 oere)
15 desimber 17.00 oere op Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)


Noat foar de redaksje
Bronfermelding ôfbyldingen: Omrop Fryslân
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 of mk@omropfryslan.nl.

(advertinsje)