De myte fan The Serenes – in earbetoan oan Paul Dokter

12 aug 2020 - 12:14

Hy neamde himsels in "onmuzikant". Hy woe it leafst yn folsleine anonimiteit ta in "toverwerk" komme. Op freed 7 augustus is Paul Dokter hommels ferstoarn, op 59-jierrige leeftiid. Ein jierren tachtich en begjin jierren njoggentich makke hy namme as sjonger-gitarist fan de Fryske bands Toylets en The Serenes. Yn 2014 makke Fryslân DOK in dokumintêre oer The Serenes. As earbetoan oan Paul Dokter stjoert Omrop Fryslân de dokumintêre takom wykein nochris út.

Yn 1990 brochten The Serenes 'Barefoot and Pregnant' út. De lanlike media is ûnferdield lyrysk oer it album dêr't de Jouster band mei debutearret. Muzykblêd Oor fynt The Serenes "een band van internationale klasse". Mar it sukses hat ek in oare kant...

De wichtichste leden fan 'e band, Paul Dokter en Theo de Jong, hawwe in muoisume relaasje mei de parse. Prate oer harren muzyk dogge se leaver net. De band huldiget it prinsipe dat de keunstner ûndergeskikt is oan syn skepping. Ek ûnderling rint it net altyd like goed. As sy it net iens wurde oer de muzikale koers, stapt Paul Dokter út The Serenes. Mei Theo de Jong as driuwende krêft komt yn 1993 'Back to Wonder' út. Ek dizze plaat krijt goede kritiken, mar is kommersjeel gjin sukses. Twa jier letter beslút Theo de Jong om The Serenes op te heffen.

'Barefoot and Pregnant' wurdt noch hieltyd sjoen as ien fan de bêste Nederlânske platen fan alle tiden. Dat die yn 2013 ek bliken by de nije útjefte fan it album. Op it Ljouwerter festival 'Welcome to the Village' waard in tribute spile foar The Serenes. Grutte ôfwêzigen: Paul Dokter en Theo de Jong. Alle ynterviewfersiken yn 'e tiid fan de nije útjefte waarden ek steefêst wegere. It wurke de mystyk om de band hinne noch mear yn 'e hân. Fryslân DOK gie op syk nei de myte fan The Serenes.

Fryslân DOK: 'De myte fan The Serenes, muzyk foar dreamers'
Sneon 15 augustus, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 16 aug. 13.10)
Snein 16 augustus, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

(advertinsje)