De Mattéus op syn Frysk’ op radio en TV

23 mrt 2020 - 15:38

De Matthäus Passion fan Bach, útfierd troch it Noord Nederlands Orkest (NNO) yn in Fryske oersetting fan Peter Sijbenga, wurdt op sneontejûn 28 maart 2020 folslein útstjoerd op Omrop Fryslân Radio. De Fryslân DOK oer de tariedingen en de earste útfiering yn de Grote Kerk yn Harns yn 2018, is te sjen op 28 en 29 maart.

No't it sosjale en kulturele libben foar it grutste part stilleit as gefolch fan de coronakrisis, wurde ek de tradisjonele Matthäus Passions net útfierd. In teloarstelling foar al dy minsken, leauwich of net leauwich, dy't yn de wiken foar Peaske graach nei tsjerke of konsertseal gean om de passy fan Bach mei te meitsjen. Omrop Fryslân wol dêrom de Fryske Matthäus fan it NNO nochris foar it ljocht bringe. Muzyk as treast yn drege tiden.

Ta gelegenheid fan Ljouwert Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 hat it Noord Nederlands Orkest de ferneamde Matthäus Passion fan Johann Sebastian Bach yn it Frysk oersette litten troch Peter Sijbenga. It lijensferhaal fan Jezus, ferteld troch orkest, koar, solisten en bernekoar, yn in muzikaal masterwurk fan trije oeren lang. It NNO fierde de passie seis kear út foar útferkochte sealen. De earste fan dy seis Fryske Matthäus Passions, yn de Grote Kerk yn Harns, is yn de maitiid fan 2018 útstjoerd troch Omrop Fryslân Radio. Op 28 maart 2020 om 18.00 oere sil de reprize wêze.

Yn itselde wykein wurdt op telefyzje in Fryslân DOK útstjoerd oer it ta stân kommen fan de Fryske Matthäus Passion. De fraach fan programmamakker Albert Jensma is oft jo sa'n monumintaal wurk fan Bach fan it Dútsk nei it Frysk oersette kinne, sûnder it skea te dwaan. En wat bart der as jo ynternasjonale solisten sjonge litte yn in foar harren frjemde taal?

De Fryske Matthäus Passion yn de Grote Kerk yn Harns
28 maart, 18.00 oere, Omrop Fryslân Radio.

Fryslân DOK, 'De Mattéus op syn Frysk'
28 maart, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 29 maart 13.10 oere). 29 maart, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).

(advertinsje)