De mannen fan it frije fjild (revisited)

02 mrt 2020 - 15:03

Aaisikersklup 'De Ald Hij' fan Dearsum fiert fan 't maitiid syn 100-jierrich jubileum. Trije jier lyn makke Albert Jensma mei de aaisikers de Fryslân DOK: 'Mannen fan it frije fjild'. In film oer hoe't de ljip as nasjonale held en it ljipaaisykjen as omstriden foarjierstradysje yn Fryslân libbet. Is der sûnt dy tiid wat feroare?

De Dearsumer aaisikers binne noch like mismoedich as doe. Der is neat yn it foardiel fan de ljip feroare. De skries hat it ferline jier al wat better dien, mar oer it generaal giet it mei de greidefûgels yn Fryslân striemin. En neat wiist derop dat it fansels better wurde sil. Tusken 1960 en 2020 is it oantal greidefûgels yn Fryslân mei sa'n 70 persint ôfnommen. Troch grutte feroaringen yn it lânskip hawwe ljippen, strânljippen, skriezen en tsjirken amper kâns har jongen grut te bringen op it boerelân. Mar ek yn de spesjaal dêrfoar oanwiisde natuergebieten slagget dat mar foar in lyts part. Dêrom mei der al fiif jier net mear aaisocht wurde en is it de fraach oft it ea wol wer kin. Net as it sa beroerd bliuwt. En sa driget mei de greidefûgel ek de tradisjonele aaisiker, de âlde 'raper' - mar ek beskermer fan aaien en piken yn de neisoarchtiid - foargoed út it Fryske lânskip te ferdwinen.

Fryslân DOK nimt de sjogger op 'e nij mei nei in pear fûleindige fjildmannen dy't, elk op syn eigen wize, alles yn it wurk sette om de greidefûgels, mar ek de tradysje fan it aaisykjen foar Fryslân te bewarjen.

Fryslân Dok: 'Mannen fan it frije fjild' (revisited)
7 maart, 15.30 oere, NPO 2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling snein 8 maart 13.10 oere)
8 maart, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

(advertinsje)