De koks fan Tafel 18

30 okt 2015 - 17:14

De kop is derôf, mar de striid is noch lang net útiten. De lêste seis dielnimmers fan Tafel 18 binne bekend en foar harren begjint de itensiedwedstriid no pas goed. De kommende wiken moatte sy bewize dat sy de titel ‘Bêste amateurkok fan Fryslân’ fertsjinje. Tafel 18 is noch fjouwer sneonen te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. Sneon 21 novimber is de finale.

Michiel de Waal (37) is ien fan de seis oerbleaune koks yn de striid. Hy is hikke en tein yn Harns en dosint muzyk op OSG Sevenwolden. Michiel komt út in fiskersfamylje en dêr is praten oer iten meastal al in hobby. Michiel besiket yngrediïnten altyd op in kreative wize te ferwurkjen. “In skoftke lyn krige ik in moaie krop andyvje en courgette út eigen tún. Dêr haw ik doe in pankoektaart fan makke mei shoarma en appel.”

Gesina Goudberg (51) wennet yn Grou. Neist itensieden hâldt sy fan alles dat mei iten en drinken te meitsjen hat. “Myn suksesnûmer yn de keuken? Dat is hasjee. Pastagerjochten gean my ek altyd goed ôf.” Gesina hâldt fan farske produkten en makket it dêrom leaver sels dan dat sy it út de supermerk hellet.

Leo van der Zee (27) út Dokkum is de jongste dielnimmer oan Tafel 18. Iten is syn grutte hobby, nei it itensieden yt hy it iten nammentlik ek graach sels op. Dizze jonge kok neamt himsels in autodidakt. YouTube is syn itensiedersboek. Dêr sneupt hy alles ôf op syk nei bysûndere gerjochten en yngrediïnten.

Ynterieurarchitekt Brenda van der Laan (56) wennet yn Sint Jabik. As lyts famke stie sy al graach yn de keuken. Doe noch op in stoel neist mem, mar letter ek sels om iterijkes te fersoargjen. Favoryt yn de famylje fan Brenda is de ‘American cheesecake’. “Dy taart is altyd feest”, seit Brenda.

Evert Matla (48) komt fan Den Haach, mar wennet al 21 jier yn Fryslân en tsjintwurdich yn Warkum. Evert is eartiids begûn mei in koksoplieding, mar hy heakke ôf doe’t hy op staazje yn in smoarige keuken syn dagen slite moast. Noch altyd hat er wol de winsk om kok te wurden. Dus dêrom libbet Evert him no hobbymatich alle dagen út yn syn eigen keuken.

No’t Dirk Reitsma (68) út Sint Anne mei pensjoen is, hat er mear tiid foar oare dingen. Itensieden bygelyks! Binnen syn famylje en freonen hat hy in protte fans. “Foaral wannear’t it giet om myn spesjale hapkes en tapas. It breakupke mei tsiiskrême of sâltehjerringmousse. Dat is in útfining fan mysels en dêrmei favoryt.”

Tafel 18 is oant en mei 21 novimber alle sneonen fan 17.00 oere ôf te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. Alle resepten, nijsgjirrige ynformaasje oer de kandidaten en ekstra bylden binne te finen op de webside, www.omropfryslan.nl/tafel18.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje of ynterviews mei (ien fan) de dielnimmers kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Image icon Download Michiel.png (251.03 KB) Image icon Download Gesina.png (239.97 KB) Image icon Download Leo.png (202.52 KB) Image icon Download Brenda.png (226.36 KB) Image icon Download Evert.png (217.66 KB) Image icon Download Dirk.png (222.78 KB)
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)