De Koers giet los!

27 nov 2015 - 15:27

Fan tiisdei 1 desimber ôf

Hurdfytse, traine en de konkurrinten foar bliuwe. De wrâld fan it hurdfytsen is net altyd maklik, sa blykt yn de nije jeugddramasearje ‘De Koers’ fan Omrop Fryslân. Op tiisdei 1 desimber is it startskot fan de nije searje. De searje is fan dan ôf te besjen op omropfryslan.nl/dekoers, Omrop-app en Edufrysk. De Koers wurdt fan moandei 4 jannewaris ôf ek útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje. Yn de searje aktearje bekende akteurs en nij talint.

Sieger en Paulus binne bejeftige hurdfytsers. Beide sitte yn team ‘Wâldwrotters’ dêr’t sy en de ploechmaten traint wurde troch Bauke. Sieger stiet foar in wichtige kar no’t hy op it punt stiet om in profkontrakt te bemachtigjen. Want hoe hurd moatst wêze om de top te heljen? Eins soe de 17-jierrige Sieger noch in toskje byskeakelje moatte om de konkurrint foar te bliuwen. Syn coach set him ûnder druk. En dan is der noch Marije, syn freondinne dy't gjin sin hat yn ferkearing mei in fanatyk trainingsbist. Wannear’t der in slim ûngelok bart mei Remco, it bruorke fan Marije, moat Sieger yn koarte tiid alles op alles sette om Remco te helpen. Kin hy Marije wer foar him winne, de freonskip mei syn fytsmaten wer goed krije én syn doel berikke, it profkontrakt?

Sieger – Spile troch oanstoarmjend talint Romke Gabe Draaijer út Ljouwert
Paulus – Jörgen Scholtens út Ljouwert (bekend fan Onderweg Naar Morgen)
Trainer Bauke – Marcel Faber (bekend fan û.o. Dankert en Dankert en GTST)
Marije – Lotta Sophie Bakker út Amsterdam
Remco – Wieger Meulenbroek út Snits
Jeppe – Rick Douwsma út Wynjewâld
Tjitske, mem fan Sieger – Hilda van der Meulen út Aldskoat (bekend fan ferskate Hollywood produksjes).

De Koers is regissearre troch Halbe Piter Claus en skreaun troch Bart Kingma. Kingma is ek de skriuwer fan it boek ‘De deikoersen fan Remco’, dat it ferhaal fertelt fan Remco nei syn ûngemak en dus oanheakket op de searje. ‘De deikoersen fan Remco’ is spesjaal foar it ‘LêsNo’ projekt skreaun. LêsNo is in projekt om Frysk lêzen oantreklik te meitsjen foar jongerein yn it foartset ûnderwiis.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)