De Fryske top 100 op âldjiersdei: elkenien is wolkom

18 des 2019 - 09:31

Publyk is dit jier fan herte wolkom by de útstjoering fan de Fryske top 100 op âldjiersdei. Dy wurdt dêrom útstjoerd fan 6.00 oere moarns oant en mei 18.00 oere jûns. Yn it nije konsept wurde fansels de 100 moaiste Fryske platen draaid, mar sjocht Omrop Fryslân ek werom op it ôfrûne jier.

Al mear as 20 jier stjoert Omrop Fryslân op âldjiersdei de Fryske top 100 út. De hûndert moaiste platen yn it Frysk of in Fryske streektaal, keazen troch it Fryske publyk. Nij is dit jier dat it publyk fan herte wolkom is om dit feestje mei te fieren yn it Mediakafee fan Omrop Fryslân. Dat begjint al om 6.00 oere moarns en giet troch oant 18.00 oere jûns. Yn de útstjoering sil Rolling Home optrede, sy besteane 25 jier en stean foar it 20e jier yn de Fryske top 100, en hast altyd yn de top 10.

Aldjiersdei is net allinnich de dei fan de Fryske muzyk, mar ek fan fjoerwurk keapje, karbidsjitte en fansels oaljekoeken bakke. Omrop Fryslân sil dizze dei op syk nei de alderlekkerste thúsbakte oaljekoek fan Fryslân. Thúsbakkers kinne mei de meast slagge bol nei de Omrop komme en him beoardielje litte troch de sjuery. Dejinge dy't de lekkerste oaljebol bringt, krijt oan de ein fan de dei de 'Fryske top 100 oaljekoekebakkersbokaal'.

It belooft in smûk en sfearfol programma te wurden, want Omrop Fryslân draait net allinnich de moaiste muzyk, ek wurde meardere gasten útnûge om werom te sjen op it jier. Fan de kontenerramp op de Waadsee oant boereprotesten en fan blokkearfriezen foar de rjochter oant de swimalvestêdetocht fan Maarten van der Weijden: yn 2019 barde der genôch om oer te praten.

Stimme op de Fryske top 100 kin noch oant en mei twadde krystdei fia Frysketop100.nl. Dy dei sit fan 13.00 oant 18.00 oere in telefoanteam fan bekende Friezen klear om de lêste top 5'en op te skriuwen. Dêrneist sille Jaap Louwes, Adri de Boer en Vocal Roses live optrede.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)