De Fryske top 100 fan 2017: dit binne se

29 des 2017 - 09:26

Aldjiersdei tusken 13.00 en 00.00 oere by Omrop Fryslân

Yn jierren waard der net safolle stimd op de Fryske top 100 as dit jier en dat smyt in ynteressante list op. Opfallend is dat in soad nije nûmers de list helle hawwe dit jier, sechtjin nûmers komme nij binnen. Ien fan dy nûmers stiet sels yn de top 10. Omrop Fryslân stjoert de folsleine list tradisjoneel út op âldjiersdei fan 13.00 oere middeis oant krekt nei middernacht.

Fan de sechtjin nije binnenkommers hawwe fjirtjin nûmers noch nea earder yn de Fryske top 100 stien. Joop Obama is mei it nûmer 'Fisker út Snits' ien fan de heechste nije binnenkommers; hy einige op plak tolve. Hokker nije binnenkommer yn de top 10 einige is, is te hearren op âldjiersdei tusken 22.30 en 00.00 oere by Omrop Fryslân. De grutste stiger dit jier is it duo Weima & van der Werf mei it nûmer 'Do', sy stige mei fjirtich plakken. De yn septimber stoarne Rients Gratema is mei it nûmer 'De bugel fan looft den Heer', dy't hy sjongt mei Maaike Schuurmans, 36 plakken stige.

Neist it ôftellen fan de Fryske top 100 sjocht Omrop Fryslân mei de harkers en sjoggers werom op 2017. Wat wiene de hichte- en djiptepunten fan it ôfrûne jier? Dêrneist binne ferslachjouwers fan Omrop Fryslân de hiele dei yn it spier. Sy sjogge by de moaiste âldjiersaktiviteiten yn ús provinsje.

De presintaasje fan de Fryske top 100 is yn hannen fan in grut radioteam fan Omrop Fryslân. De nûmers 100 oant en mei 11 binne no al te finen op: Frysketop100.nl. De top 10 wurdt snein 31 desimber tusken 22.30 en 00.00 oere by Omrop Fryslân bekend makke fia radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)