​De foaroardielen oer it praktykûnderwiis yn 'Ik bin PRO'

10 jan 2020 - 11:30

Yn Fryslân geane sa'n 1300 bern nei it praktykûnderwiis, it fuortset ûnderwiis foar bern dy't net nei it VMBO kinne omdat se muoite hawwe mei learen. Oer de learlingen en it praktykûnderwiis besteane in soad foaroardielen, dêrom hat Omrop Fryslân yn gearwurking mei it praktykûnderwiis Fryslân de telefyzjesearje 'Ik bin PRO' makke. 'Ik bin PRO' is fan woansdei 22 jannewaris ôf alle woansdeis te sjen om 17.30 oere by Omrop Fryslân.

Yn it programma rint presintator Raynaud Ritsma hast in jier lang mei op trije Fryske skoallen foar praktykûnderwiis, om ris efter it stigma fan 'min learende bern sûnder takomstperspektyf' te sjen. In ferhaal dat ek as spegel tsjinnet foar ús ûnderwiissysteem en de prestaasjemaatskippij dêr't wy yn libje. PRO Dokkum, De Diken yn Snits en Sevenwolden Compagnie op It Hearrenfean steane sintraal yn dit nije programma fan Omrop Fryslân.

Earste ôflevering
Yn de earste ôflevering fan 'Ik bin PRO' yntrodusearret Raynaud it praktykûnderwiis. Hy moetet learlingen en praat mei ortopedagooch Henk Wesseling en direkteur Peter Zeldenrust fan De Diken oer de ynstek fan it praktykûnderwiis. Fan ôflevering twa ôf is alle wiken in portret te sjen fan in learling. Bygelyks fan de 12-jierrige Jitze fan Skearnegoutum dy't graach plysjeman wurde wol. Mar hoe ferhâldt syn nivo him ta dy dream? Binne dy ambysjes reëel? Yn ôflevering trije is de 14-jierrige Sandra fan Damwâld te sjen. Yn dy ôflevering stiet it IQ en de wearde fan it IQ-label sintraal.

Ik bin PRO
De freugde en it fertriet fan it PRO: fan 22 jannewaris ôf alle woansdeis om 17.30 oere by Omrop Fryslân yn 'Ik bin PRO'.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Boarnefermelding ôfbylding: 'Vanderschaaf Film'.

(advertinsje)