De ferkiezingsútslach live by Omrop Fryslân en RTV NOF

05 nov 2018 - 14:32

Fan de prognoazes en de earste útslaggen oant en mei de analyzen en reaksjes. Mei it programma Fryslân Kiest bringe Omrop Fryslân en RTV NOF woansdei 21 novimber elkenien as earste op 'e hichte oer de weryndielingsferkiezingen yn Noardeast-Fryslân. Dêrneist is it listlûkersdebat yn Dokkum live te folgjen by beide omroppen.

Listlûkersdebat Dokkum

Yn Fryslân giet it foar de oankommende weryndieling om ferkiezingen yn 3 gemeenten: Dongeradiel, Kollumerlân c.a. en Ferwerderadiel. Dy gemeenten sille fan 1 jannewaris ôf opgean yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân. Foar de kiezers sil op moandei 19 novimber in listlûkersdebat hâlden wurde yn de IIsherberch yn Dokkum. Dat slotdebat is ien fan de lêste mominten foar de partijen om de kiezers foar harren te winnen. It debat is te folgjen yn in livestream op Omropfryslan.nl, de Omrop-app en fia radio, telefyzje en online by RTV NOF.

De útslaggejûn

De útslaggejûn fan 'Fryslân Kiest' is by Omrop Fryslân fan 20.00 oere ôf op radio en fia de livestream op ynternet te folgjen en om 21.00 oere ek op telefyzje. By RTV NOF sil de útslaggejûn op alle kanalen om 20.00 oere úteinsette. De presintaasje fan de útstjoering út de IIsherberch yn Dokkum wei is yn hannen fan Jan Dirk de Haan en Andries Bakker. Sy ûntfange gasten en skeakelje live mei ferslachjouwers René Koster (Omrop Fryslân) en Bouke Koning (RTV NOF) dy't in besite bringe oan de weryndielingsgemeenten. Dêrnjonken helpe de frijwilligers fan de streekomrop RTV NOF by de technyske realisaasje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)