De ferkiezingsútslach live by Omrop Fryslân

06 mrt 2018 - 15:39

Mei it programma 'Fryslân Kiest' bringt Omrop Fryslân elkenien as earste op 'e hichte oer de gemeenteriedsferkiezingen fan 21 maart. Op dy dei binne der oer it hiele lân ferkiezingen. Yn Fryslân giet it om ferkiezingen yn 14 gemeenten. De útslaggenjûn is live te folgjen by Omrop Fryslân, mei ferslachjouwers op lokaasje, útslaggen, analyzes en de earste reaksjes yn 'Fryslân Kiest'.

De útslaggenjûn
De útslaggenjûn fan 'Fryslân Kiest' is fan 19.00 oere ôf op radio en de livestream op ynternet te folgjen en om 22.00 oere ek op telefyzje. De presintaasje yn de studio by Omrop Fryslân is yn hannen fan Jan Durk de Haan en Andries Bakker. Sy ûntfange gasten en skeakelje live mei ferslachjouwers yn Achtkarspelen, De Fryske Marren, Smellingerlân en op It Hearrenfean.

De oanrin nei de ferkiezingen
Yn de oanrin nei de ferkiezingen, komme trije ferslachjouwers fan Omrop Fryslân in wike lang by minsken thús. Yn 'Fryslân Kiest op 'e kofje' hearre sy wat minsken wichtich fine en wêr't sy op lette as se stimme. De ferslachjouwers binne live op radio te hearren. Dêrneist meitsje sy vlogs dy't te sjen binne op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.

Yn it radioprogramma Buro de Vries binne reportaazjes te hearren oer kwestjes dy't spylje yn de gemeenten en yn it nijsfoarum nimme listlûkers út de ferskillende gemeenten plak. Yn Fryslân Hjoed ûnderfreget Eric Ennema ferskate listlûkers, ûnder oaren Harrie Graansma fan de PVV, dy't foar it earst yn Achtkarspelen meidocht.

Fryslân Kiest
Op woansdei 21 maart fan 19.00 oant 01.00 oere op radio, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. It programma is fan 22.00 oere ôf ek op telefyzje te sjen.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)