De bêste fan Baas Boppe Baas

06 jul 2015 - 15:30

Mei it útstjoeren fan in tolvedielige dramarige yn de eigen taal, soarge Omrop Fryslân yn 2001 foar in primeur yn de Nederlânske omropskiednis. Nea earder wie in regionale omrop ta sa'n grutte produksje by steat. Mar leafst fjouwer seizoenen soene der yn totaal makke wurde. Beant Baas, it wichtichste personaazje fan de searje, waard spile troch de dit foarjier ferstoarne Rense Westra. Dizze simmer werhellet Omrop Fryslân de moaiste ôfleverings as earbetoan oan Westra. Fan moandei 6 july ôf, alle wurkdagen om 17.00 oere en dêrnei alle oeren nei Hjoed.

It earbetoan oan Rense Westra begjint op 6 july mei de twadde ôflevering út it earste seizoen: ‘Oars as oaren’. Dêryn komt Beant Baas de ideale skoansoan tsjin foar syn dochter Afke (Lianne Zandstra). Mar Afke wol krekt oan har âlden fertelle dat sy lesbysk is. Ut de earste searje wurde fierders de ôfleverings ‘Kening op sokken’ oer in keatsende Beant en ‘Puikbêste ierpels’ oer ferset tsjin it Frysk werhelle.

Ut de twadde searje wurde de ôfleverings ‘Moraalridders’, ‘Kloateboeren’ en ‘Nea wer aaisykje’ útstjoerd. Mei tema’s as leafde en moraal, it minderweardichheidskompleks fan de Friezen en de ûneinige diskusje oer it aaisykjen.

Fan searje trije wurde de ôfleverings ‘Sodom en Gommora’ oer in reiske nei Amsterdam en ‘Beant goes Hollywood’ mei Beant as televyzjestjêr werhelle.

By it fjirde seizoen begjinne de werhellings mei de ôflevering ‘Pesterij’, wêryn’t Beant op ûndersyk útgiet nei ûnder oaren problemen fan Cynthia (Thirza Koopmans), de pakesizzer fan Beant Baas. De rige werhellings fan Baas Boppe Baas wurdt ôfsletten mei ‘Ein fan ‘e ikker’ en de alderlêste ôflevering, ‘Fluch nei de ein’. Beant syn frou Joukje (Hilly Harms) wurdt siik, giet hieltyd mear efterút en nimt úteinlik in dramatysk beslút dêr’t Beant it dreech mei hat.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.
Mear ynformaasje oer de ferskillende ôfleverings is ek te finen op: http://www.omropfryslan.nl/programma/baas-boppe-baas.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)