Bylden fan 'Maartens Alvestêdetocht' geane de hiele wrâld oer

24 jun 2019 - 14:12

Nederlân stipet Maarten van der Weijden massaal yn syn Alvestêdeswimtocht. Dat docht ek bliken út de tûzenen berjochten, sa'n seis de minút, dy't by Omrop Fryslân binnenkomme ûnder de non-stop útstjoering. Yn de sjochsifers is ek wrâldwide belangstelling te merken. Hûnderttuzenen sjoggers út hiel Nederlân hawwe de telefyzje ôfstimd op 'Maartens Alvestêdetocht' fan Omrop Fryslân. De livestream wurdt yn mear as 100 lannen besjoen.

Sûnt Maarten op freed 21 juny yn it wetter sprong yn Ljouwert, folget Omrop Fryslân syn Alvestêdeswimtocht dei en nacht op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De 72 oeren duorjende live radio- en telefyzje-útstjoering hellet topsifers, mei snein allinnich yn Fryslân al mear as 123.000 sjoggers.

Livestream en liveblog
De belangstelling foar de tocht is ek online sichtber. De webside luts oant no ta 350.000 besiten, mei in pyk fan 10.000 besikers tagelyk, wat hast trije kear safolle as gewoanwei is.
Yn de Omrop-app wiene oant en mei moandeitemoarn al mear as 534.000 besiten: sa'n 60% mear as gemiddeld.

De lêste leadsjes ek live
De meunstertocht fan Maarten van der Weijden is oant en mei de finish op 'e foet te folgjen by Omrop Fryslân. Dêrnei is de huldiging fan de Olympysk swimmer op de stjoerder te sjen. Boppedat kinne minsken yn ruil foar in donaasje oan de Maarten van der Weijden Foundation nocht hieltyd in plaat oanfreegje op 92.2FM. Dat wurdt no al sa faak dien dat noch lang net alle platen draaid binne. Meidwaan kin troch in screenshot fan de donaasje yn te stjoeren fia de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)