Buorkje foar begjinners: tsien kear foar de earste kear

27 sep 2018 - 08:30

Omrop Fryslân stjoert fan woansdei 3 oktober ôf in nij programma út: Buorkje foar begjinners. Yn it programma giet Emiel Stoffers, bekend as sjonger fan de Hûnekop, tsien kear foar de earste kear buorkjen. Buorkje foar begjinners is fan kommende woansdei ôf alle woansdeis te sjen om 17.45 oere.

It programma is in gearwurking mei Provinsje Fryslân wêrby't it doel is om de mienskip en de boeren tichterby inoar te bringen. Deputearre Johannes Kramer: "Om my hinne fernim ik dat de ôfstân tusken boeren en omwenners hieltyd grutter wurdt. Minsken sprekke boeren oan op de gefolgen dy't de lânbou hat foar de omjouwing. Dêr ha we sels as konsumint ek in rol yn, troch oarsoarte produkten te keapjen. Ik hoopje dat dit programma bydraacht oan mear begryp fan wjerskanten."

It boerelibben fan in sjonger
Akkerbou, feeboer, skiep, geiten, alles komt foarby yn it nije programma. As sjonger is Emiel bekend fan de Hûnekop, mar as boer komt hy foar nije útdagingen te stean. "Ik bin opgroeid yn Kollumersweach en as lyts jonkje spaande ik dêr wol om op de buorkerij fan in freon. Mar dit aventoer mei Buorkje foar begjinners is fansels hiel wat oars. Foaral it momint by de hynstefokker wie bysûnder te neamen. Stie ik dêr ynienen it sperma fan in hynst op te fangen, ja dat makket wol yndruk kin ik dy fertelle."

Alle woansdeis om 17.45 oere
Buorkje foar begjinners wurdt makke yn gearwurking mei de Provinsje Fryslân en is fan 3 oktober ôf op woansdeis om 17.45 oere te sjen op telefyzje by Omrop Fryslân. Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/buorkje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

(advertinsje)