Bosk, hoe fier giesto om ien te helpen?

17 nov 2016 - 14:01

Fan 25 novimber ôf

In oar besykje te helpen en dêrmei sels yn ‘e knipe komme. Yn de nije jeugddramasearje ‘Bosk’ fan Omrop Fryslân komt de fyftjinjierrige Justus yn de bosk in ferwyldere man tsjin en besiket him te helpen. Mar syn goede bedoelingen rinne út op in fûle striid. De searje is fan freed 25 novimber ôf te besjen op Omropfryslan.nl/bosk en letter ek op telefyzje. Yn de searje aktearje bekende akteurs en jonge nije talinten.

Justus bringt syn fakânsje troch by syn omke en muoike op harren kampearbuorkerij by de bosk. As hy op in dei it paad bjuster is yn de bosk, komt hy in ferwyldere man mei in wûne tsjin. Justus beslút de man, in eks-militêr, te helpen. Mar dat is net sa simpel as it liket. Yn syn besykjen de man te helpen kriget er te meitsjen mei ferskillende belangen.


De searje wurdt makke foar de earste klassen fan it fuortset ûnderwiis en is te sjen op Omropfryslan.nl/bosk. Bosk is regissearre troch Halbe Piter Claus en skreaun troch Willem Schoorstra en Bart Kingma. Op 25 desimber wurdt Bosk as film útstjoerd op Omrop Fryslân Telefyzje en fan 9 jannewaris ôf as rige.

Justus – Jeen Buitenga fan De Lemmer
Marrit – Myrka van der Wal fan Kollumersweach
Retze – Poal Cairo fan Amsterdam (bekend fan û.o. GTST en Celblok H)
Omke – Jan Arendz fan Wytgaard (spile yn meardere teäterproduksjes)
Muoike – Nynke Heeg fan Wynjewâld (spile yn meardere produksjes fan Tryater)
Oosterbaan – Wybe Koldijk fan Ketlik (bekend fan Baas boppe Baas en Dankert & Dankert)
Ronald – Menno Onnes fan Harns
Mem – Lysbeth Welling fan Burgum

De searje makket, tegearre mei it boek ‘Wês net bang’, diel út fan it ‘LêsNo’ projekt, wêrby’t it diel is om Frysk lêzen oantreklik te meitsjen foar jongerein yn it fuortset ûnderwiis. It projekt is op inisjatyf fan it Platfoarm Lêsbefoardering Frysk ta stân kaam en is in gearwurking fan Bibliotheekservice Fryslân, Cedin, Afûk, Omrop Fryslân en Tresoar.

Bosk
Online: fan 25 novimber ôf op Omropfryslân.nl/bosk.
Film: op 25 desimber om 15.30 oere.
Searje: fan 9 jannewaris ôf alle moandeis fan 18.45 ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)