Boer en Europarlemintariër Jan Huitema

03 nov 2015 - 10:33

Fryslân DOK op snein 15 novimber

Troch de wike fergaderet hy yn Brussel en Straatsburg, mar yn it wykein melkt hy syn kij yn it Fryske Makkingea. De jonge Europarlemintariër Jan Huitema fan de VVD makket him yn it Europeesk Parlement sterk foar in nije lânboupolityk, mei minder subsydzjes en minder regels.

Huitema pleitet foar ‘smart farming’, of om it yn it Frysk te sizzen: tûk buorkje. Presyzje-lânbou mei help fan drones, digitale kaarten en sensoaren moat de lânbou duorsumer én rendabeler meitsje. It eigen famyljebedriuw en de Dairy Campus by Ljouwert binne dêrby wichtige boarnen fan ynspiraasje foar Huitema.

Mar de tsjinkrêften binne foars want net elkenien dielt Huitema syn fyzje. Lânbou-fernijers hawwe lêst fan Europeeske en nasjonale regels dy’t ynnovaasje blokkearje. Yn septimber demonstrearren tûzenen lilke boeren yn Brussel út protest tsjin de lege prizen foar harren produkten. De boeren easkje finansjele stipe fan de Europeeske kommisje en oefenje dan ek maksimale druk út op de polityk.

Fryslân DOK: Boer en Europarlemintariër Jan Huitema
Snein 15 novimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 14 novimber om 15.40 oere en snein 15 novimber om 12.25 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)