Berjochten út it hert, fideodeiboeken fan de coronakrisis

30 mrt 2020 - 13:32

In dokter, in dosint of in boskwachter; elkenien belibbet de coronatiid op syn of har eigen manier. Mar it wurdt foar de ferslachjouwers fan Omrop Fryslân hieltyd lestiger om by minsken te kommen. Dêrom set Omrop Fryslân hjoed útein mei it vlogprojekt: 'Berjochten út it hert'.

Minsken út hiel Fryslân meitsje de kommende tiid fideodeiboeken fan harren beuzichheden. Dat mei it doel om fan binnenút sjen te litten wat der spilet. De minsken oan de frontliny fan de coronakrisis meie dêrby fansels net misse. Nettsjinsteande de drokke wurkdagen makket in ferskaat oan medysk personiel út Fryske sikehuzen tiid frij om it publyk mei te nimmen yn harren libben en it wurk op de Intensive Care. Ien fan dy minsken is Heleen Lameijer. Se wurket as dokter op de spoedeaskjende help yn it Medisch Centrum Leeuwarden. Se fynt it wichtich om te vloggen sadat minsken mear ynsjoch krije yn hoe't medyske saken wurkje en sa ek better foar harsels soargje kinne. "Daarnaast zitten heel veel mensen met vragen", fertelt Lameijer. "Er komt zo veel op je af. Dan weet je ook niet meer wat je moet geloven." Ek Sandra Di Rocco sil in vlog byhâlde, sy wurket as ferpleechkundige op de spoedeaskjende help. "Ik wil vooral stilstaan bij het feit dat we op een andere manier werken dan wij 'normaal' doen. Dit is nieuw binnen mijn carrière, maar ook leerzaam en zeker spannend."

Oan dit projekt docht ek in ferskaat oan minsken út oare (wurk)hoeken mei. Bygelyks boskwachter Anke Bruin-Kommerij fan Steatsboskbehear Flylân. "Omdat ús gasten no net mear nei Flylân ta komme kinne, bring ik Flylân graach by harren thús." En Gatse Hylkema út Ljouwert, hy wurket as dosint muzyk en maatskippijlear op CSG Ulbe van Houten yn Sint-Anne. Hy mei graach syn passy foar muzyk mei minsken diele. Hy mist syn learlingen, it kontakt mei de kollega's en it muzyk meitsjen.

De fideodeiboeken fan 'Berjochten út it hert' binne fia alle kanalen fan Omrop Fryslân te folgjen en binne ek werom te sjen fia: Omropfryslan.nl/vlog

(advertinsje)