Beneaming projektlieder Frysk Regionaal Mediasintrum

14 okt 2014 - 11:23

    Provinsje Fryslân hat ôfrûne simmer besletten om foar 2014 en 2015 jild beskikber te stellen foar in ûndersyk nei it opsetten fan in Regionaal Mediasintrum yn Fryslân.
    Op dizze wize wol de Provinsje tegearre mei de mediabedriuwen yn Fryslân ûndersykje op hokker wize ek yn de takomst regionale sjoernalistyk garandearre en ynnovearre wurde kin.

    Dit projekt hat twa komponinten: de gearwurking tusken de regionale kranten, de lokale omroppen yn Fryslân en Omrop Fryslân. Dêrneist sil der in Frysk Multymediaal platfoarm op it ynternet ûntwikkele wurde. Nei ôfrûning fan de nedige tariedings is de beneaming fan in projektlieder de konkrete start fan dat projekt. Siebe Annema, âld útjouwer fan de Ljouwerter Krante, sil de funksje fan projektlieder oant 1 jannewaris 2016 op him nimme.

    Noat foar de redaksje:
    Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Jan Koster, direkteur Omrop Fryslân:
    tel. 058 - 299 7831 / 06 – 20 96 72 66.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)