Beklimmers fan it flakke lân diel 3: Lânbou

07 des 2020 - 08:57

Mei de rige 'Beklimmers fan it flakke lân' filmet Fryslân DOK in nij ferhaal foar de takomst fan it plattelân. Oer minsken dy't har holle boppe it meanfjild útstekke, foaroprinne en rjochting sykje. Nei de ôfleveringen 'Perspektyf' en 'Lânskip en Natuer' is kommend wykein it tredde diel fan dizze searje te sjen: Lânbou.

De takomst fan de lânbou is miskien wol it grutste tema fan it plattelân. Protesten tsjin 'De Haach' geane hân yn hân mei fûle diskusjes tusken boeren en harren organisaasjes. Der liket in twadieling tusken de hightech en biologyske lânbou. Mar is de lânbou ek noch op in oare manier te benaderjen? Imke de boer en Evelien de Olde tinke fan al. As ûndersikers 'dierlike produksjesystemen' oan Wageningen University & Research hawwe se tegearre in yntegrale fyzje skreaun op de takomst fan de lânbou. Se wûnen der de Rockefeller's Food System Vision Prize mei en kamen by in seleksje fan foaroansteande wittenskippers op dit gebiet. Harren fyzje begjint by de boarger. Dy moat belutsen wurde by syn eigen produksje fan iten, sadat hy dêr ferantwurdlikens foar fielt. Boppedat pleitsje De Boer en De Olde foar 'miljeuplafonds', dat wol sizze de maksimale belesting dy't in regio hawwe kin fan de lânbou. It idee: de boer is njonken in effisjinte produsint ek steward fan it lânskip en wurdt dêrfoar ek betelle.

In oare beklimmer is foeraazjehanneler Theo Mulder út Kollumersweach. Syn misje is de lânbougrûn wer sûn te krijen troch minder keunstdong en pestisiden te brûken. Mei oare gerssoarten en in natuerlike boaijembehanneling kin de boer duorsumer wurkje en krekt sa'n goede produksje leverje as no, is Mulders oertsjûging. Hy neamt de boer 'de apoteker fan de takomst', wêrby't sûn iten it medisyn is. Hy preket syn evangeelje by boeren yn it lân en hat kontakt mei ynternasjonale wittenskippers.

De makkers Albert Jensma en Bart Kingma fan Fryslân DOK geane ek del by selsrisptún 'Us Hôf' yn Sibrandabuorren, dêr't eigeners Bregje Hamelynck en Michel Paulius wurkje op basis fan permakultuer. Op it hiem groeie grienten, fruitbeammen en blommen, der wurde kursussen en ytgearkomsten holden. Us Hôf is in 'Community Supported Agriculture', oftewol in bedriuw dat gearwurket mei de mienskip dêr't it de gewaaksen oan leveret. De leden fan de koöperaasje kinne meihelpe op it lân en sels harren iten rispje.

Fryslân DOK: 'Beklimmers fan it flakke lân diel 3: Lânbou'
Sneon 12 desimber, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 13 desimber 13.10 oere)
Snein 13 desimber, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

(Advertinsje)