Befallingsprimeur Tjongerschans by Omrop Fryslân te sjen

30 aug 2018 - 11:17

Mem hellet sels poppe út de bûk yn pakkende bylden

Yn it programma Fryslân Hjoed fan Omrop Fryslân binne op tiisdeitejûn 4 septimber de noch nea earder toande bylden fan in bysûndere keizersneed yn sikehûs Tjongerschans te sjen. Mem Eva Aarts fan Wolvegea mocht ûnder de keizersneed sels har boppe út de bûk tille en fertelt dêroer by Omrop Fryslân.

Eva Aarts en gynekolooch Clasien van der Houwen skowe by presintator Roelof Lousma oan yn it programma Fryslân Hjoed en sjogge werom op dy ûnferjitlike ûnderfining. Hoe hat mem dat alles meimakke? En is sa'n befalling yn de takomst ek mooglik foar elkenien mei in plande keizersneed? Yn de útstjoering is in oandwaanlike fideo fan dy unike berte te sjen.

De útstjoering is 4 septimber om 17.00 oere te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje en wurdt dêrnei alle oeren werhelle. De ôflevering is nei ôfrin werom te sjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foto: Eva Aarts ûnder de keizersneed te sjen. Rjochten: Nicolien Sijtsema.

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 of mei Tjongerschans: 0513 685 116 / communicatie@tjongerschans.nl

(advertinsje)