Baskyske film Amama útstjoerd by Omrop Fryslân

04 nov 2016 - 10:33

It is in bekend probleem. Bedriuwsopfolging, of yn dit gefal: wa nimt it boerebedriuw fan heit oer? Yn de bûtenlânske film ‘Amama’ stiet dy wrakseling sintraal. Ta gelegenheid fan it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert stjoert Omrop Fryslân op freed 11 novimber de film Amama út op Omrop Fryslân Telefyzje. Omrop Fryslân fertoant de film mei Fryske ûndertitels.

Amama giet oer in Baskyske boerefamylje dy't wrakselet mei it probleem fan de bedriuwsopfolging. In famyljedrama, dat him ôfspilet ûnder de eagen fan Amama (beppe). Wa nimt de boerepleats oer fan heit? De âldste soan emigrearret, de jongste wurdt ûngeskikt fûn. De druk komt folslein by de dochter te lizzen, wylst sy gjin boerinne mar keunstner wêze wol. De tematyk fan it boerebestean yn Baskelân is ek foar it Fryske plattelân werkenber. Want hoefolle Fryske boeren wrakselje wol net mei de opfolging?

De Baskyske sinema hat de lêste jierren in heech nivo berikt. De film is makke foar in ynternasjonaal publyk, mei in cast dy't bestiet út profesjonele akteurs en amateurs. De beppe, Amama,makke op har 80ste har debút yn dizze film.

Amama wie yn febrewaris 2016 te sjen yn filmhûs Slieker yn Ljouwert. It is unyk dat in Baskyske film yn it Frysk ûndertitele is. De Fryske ûndertiteling is makke  troch Geertrui Visser. Dit projekt is útfierd mei tank oan EBLT, Fûûns fwar it Frysk, Kulturele Haadstêd Donostia-San Sebastián en Provinsje Fryslân.

Amama
Freed 11 novimber om 21.00 oere op Omrop Fryslân Telefyzje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)