Basisskoallen drok mei tariedingen iepening LF2018

15 des 2017 - 10:34

In grut part fan de Fryske skoallen is al drok dwaande mei it oefenjen fan de mega kick-off foar de iepening fan Ljouwert-Fryslân 2018. Op freed 26 jannewaris sjonge alle skoallen 'Seis oere thús', it liet fan LF2018. Skoallen meitsje dêr in eigen ferzje fan, filmje dat en diele dat om eksakt 12.00 oere mei #2018begjint fia Facebook. De tariedingen dêrfoar binne folop yn gong setten. Skoallen kinne harren ek noch hieltyd oanmelde fia Sjongfestival.frl.

"Onze school doet mee met groep 6 en wij zijn al druk bezig geweest met de choreografie. De dans is klaar en kennen de leerlingen goed," sa seit juf Laura van der Ploeg fan De Kinderkoepel yn Ljouwert. "Het lied was even wennen voor de kinderen, want 'Seis oere thús' is natuurlijk geen hiphop, de dans bestaat dan ook uit andere bewegingen dan ze gewend zijn. Maar de groep heeft er veel lol in. Binnenkort gaan we verder met het aanleren van de zang. Sommigen zingen nu al mee, hoe vaker ze het lied horen, hoe mooier ze het vinden."

Troch de online start binne de filmkes oeral op 'e wrâld te finen en wurdt de iepening online direkt grut sichtber. Der is in spesjale toolkit gearstald dy't de skoallen helpt by it learen fan it liet en foarmjaan fan it filmke. Ek Gradeke Terra fan It Pertoer yn Weidum hat dy toolkit al krigen: "Wy binne noch net begûn mei it liet, dat wolle wy yn jannewaris dwaan. Ik ha al wol efkes nei de toolkit sjoen en seach dat der yn de lessen filmkes fan Nynke Laverman steane wêryn't se it refrein fan it liet oanleart. Hiel handich foar de skoallen, mar dy filmkes hawwe wy net nedich, want Nynke is de mem fan in learling by ús op skoalle: wy kinne Nynke live ynskeakelje!"

De organisaasje fan de kick-off is yn hannen fan de organisaasje fan it Sjongfestival, dat dit jier neist it Sjongfestival dus ek de kick-off fan LF2018 troch basisskoallen organisearret. Dêrfoar is ek in webside lansearre: Sjongfestival.frl. Alle ynformaasje en mooglikheid ta ynskriuwen is dêr te finen.

It Sjongfestival is yn 2018 ûnderdiel fan it haadprogramma fan Never Ending Orchestra en wurdt organisearre troch Cedin, Afûk, Keunstwurk en Omrop Fryslân.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)