Baas op eigen hiem

21 okt 2019 - 14:16

Boeren stappe op 'e trekker nei Den Haag om te protestearjen tsjin it oerheidsbelied. In soad boeren binne ûnwis oer harren takomst. De Fryslân DOK 'Baas op eigen hiem' giet oer twa boeren dy't in oar paad sykje.

It molkekwotum, de fosfaatrjochten en no de stikstofproblemen. Wat foar plannen kinst meitsje, as boer? Wannear nimst it beslút om op de âlde foet troch te gean, of om it roer om te smiten? Bygelyks fuort te gean út Nederlân en dyn gelok earne oars te sykjen. Of de stap te weagjen om op in totaal oare wize te buorkjen. De Fryslân DOK 'Baas op eigen hiem' fan Albert Jensma út 2017 is noch like aktueel as doe.

Boeren freegje har ôf: is der foar de bern noch in takomst op it âlde famyljebedriuw? Haite en Ellen Schukken hiene har nocht fan it buorkjen yn Nederlân en ferhuzen yn 2016 nei Bülkan, in doarpke yn it Dútske Niedersaksen. Dêr koene se wer boer wêze sa't se it sels woene. Ek Bartele Holtrop út Rotstergaast wie net tefreden en stapte út de maatskip mei syn heit. Hy begûn, omdat er net allinnich boer mar ek gelokkich wurde woe mei syn noch jonge húshâlding, in nij bedriuw op basis fan syn eigen filosofy.

Fryslân DOK 'Baas op eigen hiem'
26 oktober 15.30 oere op NPO2 (Nederlânske ûndertiteling, werhelling 27 oktober 13.00 oere)
27 oktober 17.00 oere op Omrop Fryslân om 17.00 oere (werhelling alle oeren)


Noat foar de redaksje
Bronfermelding ôfbyldingen: 'Omrop Fryslân'.
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 of mk@omropfryslan.nl.

(advertinsje)