‘Avond van de Krimp’ op Omroplive

16 nov 2015 - 11:20

Op moandei 16 novimber fan 19.30 oere ôf

Fryslân krimpt. Elkenien ken wol in foarbyld út de buert. Tink mar oan dy iene doarpsbasisskoalle dy’t tichtgiet en de leechsteande winkels yn it sintrum fan de stêd. Mar wat is no de oplossing? De Ljouwerter Krante organisearret op 16 novimber de ‘Avond van de Krimp’. Jo kinne it thús folgje. Omrop Fryslân is derby en stjoert it debat út op Omroplive.nl.

Nei in searje oer de krimp yn Fryslân yn de Ljouwerter Krante is it tiid om mei-inoar yn petear te gean oer it probleem. Op moandei 16 novimber geane ferskate politike pommeranten
mei-inoar, mar ek mei it publyk, yn debat oer de krimp. Dat is fan 19.30 oant 21.00 oere rjochtstreeks te folgjen fia ynternetstjoerder Omroplive.

Sprekkers dy jûn binne minister fan Wenjen en Rykstsjinst Stef Blok (VVD), heechlearaar steatsrjocht Hans Engels, Herwil van Gelder, wethâlder yn krimpgemeente De Marne en Anke Huizenga, bestjoerder by ZuidOostZorg. Elkenien kin meiprate oer de gefolgen fan de krimp yn Fryslân, mar ek oer de kânsen dy’t dit biede kin. Oanmelde foar it debat en ideeën tsjin de krimp ynstjoere kin noch. Mear ynformaasje is te finen op www.lc.nl/krimpavond.

‘Avond van de Krimp’ op Omroplive
Moandei 16 novimber fan 19.30 oant 21.00 oere op ynternetstjoerder www.omroplive.nl.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)