Arno Brok by Omrop Fryslân: in jier as kommissaris

28 mrt 2018 - 07:11

Kommissaris fan de kening Arno Brok is op peaskemoandei, 2 april, te gast by Omrop Fryslân. Yn It Polytburo, it politike programma fan Omrop Fryslân, fertelt hy oer syn earste jier as kommissaris yn Fryslân. Dat alles is fan 18.20 oere ôf te sjen op telefyzje.

Yn de ekstra lange ôflevering fan It Polytburo ynterviewe presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema kommissaris Brok oer syn earste wurkjier as kommissaris fan de kening yn Fryslân. Wat hat it him brocht? En wat hat er foar de provinsje út 'e wei sette kinnen?

Yn it polityk telefyzjeprogramma It Polytburo hawwe de presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle moandeis in politikus oan tafel dy't sy skerp befreegje oer in aktueel ûnderwerp.

It Polytburo:
Ekstra lange útstjoering mei Arno Brok op moandei 2 april om 18.20 oere. Oare wike is It Polytburo alle moandeis om 18.45 oere te sjen op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Image icon Download arnobrok.jpg (225.77 KB)
(advertinsje)