Alles oer de PC live by Omrop Fryslân

21 jul 2015 - 12:39

De keatsklassiker fan it jier: de PC yn Frjentsjer op woansdei 29 july. Fan de foarbeskôgings yn it PC Kafee oant it útroppen fan de kening, it is allegear wer te folgjen by Omrop Fryslân. Fia televyzje, radio, ynternet en de Omrop-app. Nij dit jier is dat de tradisjonele taspraak fan PC-foarsitter Johannes Westra mei byld útstjoerd wurdt op televyzje. Dy útstjoering is ek te folgjen fia Omroplive.nl en de livestream op ynternet en yn de app.

Omrop Fryslân stjoert de taspraak fan de PC-foarsitter foar it earst út op televyzje en ynternet. De taspraak is fan 8.00 oere ôf te sjen. No’t de taspraak sa te folgjen is, ferfalt de yntegrale útstjoering dêrfan op de radio. Wol binne yn it radioprogramma ‘Fryslân fan ’e moarn’ de wichtichste parten fan de taspraak te hearren en wurdt ferslach dien fan wat der fierder bart op de resepsje yn de Koornbeurs yn Frjentsjer. De rest fan de dei wurdt lykas alle jierren wiidweidich ferslach dien fan de PC op radio, televyzje, ynternet en de Omrop-app. De televyzjeútstjoering begjint om 15.00 oere.

Yn de dagen foarôfgeand oan de PC giet it PC Kafee wer iepen. Geert van Tuinen ûntfangt fan freed 24 july ôf bysûndere gasten út de keatswrâld foar moaie petearen en ferhalen. Fierders binne der kollums en optredens fan de bands Vangrail en Butterfly. PC Kafee komt ek dit jier wer live út De Bogt fen Guné yn Frentsjer wei. Publyk is fan herte wolkom. Moandei 27 july wurdt de lotting fan de PC útstjoerd op de radio en is der gjin PC Kafee.

PC Kafee en de PC by Omrop Fryslân
- PC Kafee: freed 24 july om 18.00 oere, sneon 25 july om 11.00 oere, snein 26 july om 11.00 oere en tiisdei 28 july om 18.00 oere op ‘e radio.
- Lotting PC: moandei 27 july om 18.00 oere op ‘e radio.
- PC: woansdei 29 july op radio, televyzje, ynternet en de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)