Alles oer de Fryske derby by Omrop Fryslân

28 okt 2015 - 15:05

De spanning nimt de kommende dagen wer ta. Snein 1 novimber barst de striid los, dan wurdt dé derby fan Fryslân spile yn it Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean. It SC Cambuur fan trainer Henk de Jong spilet dan tsjin it SC Hearrenfean fan ynterim-trainer Foppe de Haan. Omrop Fryslân is der by en docht live ferslach fan de Fryske derby. Ek de dagen foar de derby rom omtinken foar dizze spannende wedstriid.

Sûnt de promoasje fan SC Cambuur nei de Earedivyzje spylje de twa Fryske topklups de lêste twa jier wer tsjin inoar yn de kompetysje. Kommende snein is it wer sa fier en it belooft in spannende wedstriid te wurden. De striid is live te folgjen by Omrop Fryslân, net allinnich wurdt der live ferslach dien op de radio, ek op ynternet en de app is alles te folgjen.

Kommende freed 30 oktober stiet it televyzjeprogramma Bynt Sport hielendal in it teken fan de Fryske derby. Yn it spesjale ‘Derby kafee’ komme (âld) fuotballers fan SC Hearrenfean en SC Cambuur lâns om foarút te sjen op de wedstriid. Under oaren âld-Hearrenfean spiler Joop Gall, âld-Cambuur keeper Wim de Ron en oanfierder fan SC Cambuur, Sjoerd Overgoor binne oanwêzich. Yn in reportaazje fertelt bekende sportsjoernalist Johan Derksen oer syn fuotbalferline by SC Cambuur. Fierder is der in reportaazje oer de tariedingen fan de beide klups. Bynt Sport is der fan 18.20 oere ôf, it ‘Derby kafee’ giet dêrnei noch langer troch op ynternet.

Op snein 1 novimber docht Omrop Fryslân live ferslach op de radio, it kommentaar wurdt fersoarge troch Arjen de Boer en Geert van Tuinen. Online is de Fryske derby te folgjen fia in liveblog op de webside fan Omrop Fryslân en de Omrop-app. Alle hichtepunten fan de wedstriid wurde twittere fia @omropsport. Jûns yn Hjoed op televyzje in gearfetting fan de wedstriid mei reaksjes fan beide ploegen.

De Fryske derby:
Freed 30 oktober om 18.20 oere, it Derby kafee fan Bynt Sport op Omrop Fryslân Televyzje en online. Snein 1 novimber live ferslach fan de Fryske derby fan 14.30 oere ôf op radio, ynternet en de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)