680 minsken dogge mei oan rekôr Grut Frysk Diktee

14 jun 2018 - 14:33

Yn totaal dogge der 680 dielnimmers mei oan it Grut Frysk Diktee op tongersdei 21 juny. It diktee hat dit jier yn it ramt fan LF2018 in oare opset. It wurdt hâlden op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert en elkenien kin meidwaan mei as doel ta in rekôr te kommen. Mei 680 dielnimmers is dat slagge. Omrop Fryslân stjoert it Grut Frysk Diktee fan 19.00 oere ôf live út op telefyzje en online.

De organisaasje is tige optein oer it grutte tal oanmeldingen. Sjueryfoarsitter Hindrik Sijens: "Wy hiene stiekem wol hope dat wy boppe de 600 oanmeldingen komme soene, mar dat it ek echt slagge is, is fansels fantastysk." Oan de opjeften is te sjen dat minsken fan alle leeftiden meidogge oan it diktee. De jongste is 12 en de âldste is 87. De jongerein is goed fertsjintwurdige.

Bekende Friezen
Ferskate bekende Friezen weagje har oan it diktee. Sjonger Jelle B, presintator fan it Klokhuis Habtamu de Hoop, sjongeres Griet Wiersma, sterke mannen heit en soan Zijlstra, âld-politikus Lutz Jacobi en topkok Reitse Spanninga dogge mei. Ek de winnende bekende Friezen fan de ôfrûne jierren dogge mei. De tekst is dit jier skreaun troch de presintatrise fan it NOS Jeugdjournaal, Welmoed Sijtsma.

Live te folgjen
It Grut Frysk Diktee is 21 juny fan 19.00 oere ôf live te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online. En net allinnich op it plein kinne minsken meidwaan, ek de minsken thús kinne dat. Fia www.fryskdiktee.frl kin elkenien thús it diktee meiskriuwe. It wurdt dan ek automatysk neisjoen.

Noat foar de redaksje/útnûging foar de parse:
Wy nûgje jo fan herte út om op tongersdei 21 juny oanwêzich te wêzen by it Grut Frysk Diktee. Jo binne wolkom om 18.30 oere op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.

Wy stelle it op priis as jo yn it foar oan ús trochjouwe oft jo op de útnûging yngeane. Oanmelde kin by de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân fia mk@omropfryslan.nl of telefoanysk fia 058 299 7876. Foar mear ynformaasje kinne jo ek kontakt opnimme mei dy ôfdieling.

(advertinsje)