20% nije binnenkommers yn de Fryske top 100

28 des 2016 - 12:41

Aldjiersdei tusken 12.00 en 00.00 oere by Omrop Fryslân

Op âldjiersdei wurdt foar de 18e kear de Fryske top 100 útstjoerd. Wat binne dit jier de nije binnenkommers en stigers en wa sakje? Net allinnich wurdt der wer ôfteld nei de nije nûmer ien, Omrop Fryslân sjocht ek mei de harkers en sjoggers werom op 2016. De Fryske top 100 is der âldjiersdei fan 12.00 oere middeis oant krekt nei middernacht.

Opfallend is dat de Fryske top 100 fan dit jier foar hast 20% út nije binnenkommers bestiet. Trettjin nûmers binne nij binnenkaam, fiif nûmers binne werom yn de list en ek yn de top tsien sit in oantal ferrassingen. Fierders binne der grutte stigers en nûmers dy’t sakje yn de list; de band Vangrail stiigt bygelyks mei ‘Libben nei de leafde’ opnij in flink oantal plakken, mar Iris Kroes sakket mei har nûmer ‘Thús’ trijentweintich plakken. De Kast stiet mei njoggen nûmers it faakst yn de top 100.

Neist it ôftellen fan de Fryske top 100 sjocht Omrop Fryslân mei de harkers en sjoggers werom op 2016. Wat wiene de hichte- en djiptepunten fan it ôfrûne jier? En fansels binne ek de ferslachjouwers fan Omrop Fryslân de hiele dei yn it spier. Sy dogge ferslach fan alle âldjiersaktiviteiten en diele de lekkerste oaljekoeken fan Fryslân út.

De presintaasje fan de Fryske top 100 is yn hannen fan in grut radioteam fan Omrop Fryslân. De nûmers 100 oant en mei 11 binne no al te finen op: Frysketop100.nl. De top 10 wurdt sneon 31 desimber tusken 22.30 en 00.00 oere by Omrop Fryslân bekend makke fia radio, telefyzje, de webside en de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)