Blog Oranjewoud Festival

Douwe Heeringa: "Oranjewoud Festival is Oerolklassyk"

"Ik bin mei klassike muzyk opgroeid. Thús waard it in soad draaid," fertelt Douwe Heeringa. It is dan ek net frjemd dat er 'spreekstalmeester' op it Oranjewoud Festival is. Dat festival is fan 1 oant en mei 5 juny op ferskate plakken yn en by Oranjewâld. It wol klassike muzyk op in leechdrompelige wize bringe.

De Omroppresintator hâldt sels hiel bot fan klassike muzyk. "Bach stiet by my op nûmer ien, altyd. Dat is it alderheechste dat je berikke kinne fyn ik. Mar ik hâld ek fan Schubert en ik bin ek in grut fan fan Strauss, mar dan net syn walskant."

Eilân fan rêst
Yn syn programma's lykas Mei Douwe lit er in grut ferskaat oan muzyk hearre. "Dêr wol ik ek wol klassyk hearre litte. Want it is net mear op safolle plakken te hearren. Dat is echt skande, it is hielendal net elitêr, echt net. In soad minsken fine klassyk moai, mar faak witte se net dat it der is. Der wurdt ek wolris sein dat je leare moatte om nei klassike muzyk te lústerjen, mar dat is echt ûnsin. Dat hoecht hielendal net, it giet om gefoel. Muzyk is in eilân fan rêst yn dizze drokke tiid. Dat is belangryk."

Tip fan Douwe
It Oranjewoud Festival is bûten yn de iepen loft. "Dat makket it tagonkliker as in konsert yn in seal. Dat is wolris opkloppe, mar dat is by dit festival hielendal net sa. De sfear is hiel relaxed. It is in soarte fan Oerolklassyk. It is gewoan in hiel leuk festival mei topmuzikanten en bist ek nochris bûten yn de prachtige natuer. Benammen it Nederlands Blazers Ensemble dat it slotkonsert fersoarget is echt top. Se binne wrâldferneamd en dêr kin in hafabra-provinsje as Fryslân grutsk op wêze. Lit dy ferrasse! En o ja, doch goede skuon en hege sokken oan!"

(advertinsje)

Bern meitsje lûdskeunstwurk foar Oranjewoud Festival

  • Oranjewoud Festival lûdskeunstwurk

Bern fan kbs De Hoeksteen fan It Hearrenfean dogge mei oan in edukaasjeprojekt fan it Oranjewoud Festival. Harren opdracht is om fan ferskate materialen in lûdskeunstwurk te meitsjen. De bern wurde dêrby begelaat troch keunstner Marsja van der Ven. Yn de lessen wurkje de bern oan ûnderdielen fan de skulptuer, dy’t letter as ien gehiel op it Oranjewoud Festival presintearre wurde. Tsjek makke in reportaazje oer it lûdskeunstwurk fan kbs De Hoeksteen. 

Yn totaal dogge trije skoallen mei oan dit edukaasjeprojekt ‘As a Matter of Sound’, dat heart by it Oranjewoud Festival. In sjuery beleannet it meast ynnovative of kreative ûntwerp mei in priis. 

It Oranjewoud Festival is it klassike muzykfestival fan Fryslân en wurdt fan 1 oant 5 juny hâlden yn Oranjewâld. Omrop Fryslân jout rom omtinken oan it Oranjewoud Festival en mei livestreams fan it iepeningskonsert, de proeftuinclassics en it slotkonsert, kinne leafhawwers fia de webside en app fan Omrop Fryslân meigenietsje.

Ut in klassike top 25 kinne Friezen stimme op har favoryt en se bepale wat it Nederlands Blazers Ensemble op it slotkonsert fan it Oranjewoud Festival spylje sil. Stimme kin hjir!

Fryske NBE'ers

De Fryske klarinettisten Gerrit Boonstra en Harmen de Boer sitte by it Nederlands Blazers Ensemble. Gerrit Boonstra út Ljouwert: "De stikken dy't wy spylje op it Oranjewoud Festival binne ûnderdiel fan ús repertoire. Dy hawwe wy dus goed yn 'e fingers."

Harmen de Boer: "Wy spylje yn it foar noch op ferskate plakken, sa as bygelyks yn Georgië. Dêr sille wy ús bêst dwaan sadat wy yn Oranjewâld yn topfoarm binne."

De stikken dêr't it publyk op stimme kin, sitte der by it NBE al goed yn. Gerrit en Harmen binne benijd hokker stikken de minsken útkieze. Sels fine beide manlju 'Dance of the nights' út Romeo en Julia fan de Russyske komponist Sergei Prokofiev ien fan de moaiste muzykstikken om te spyljen.

De mannen sjogge der tige nei út om yn Fryslân op te treden. Harmen: "De lokaasje yn Oranjewâld is moai. It is yn 'e bûtenloft en dat is fansels hartstikke leuk." Gerrit: "Yndie geweldich dat it konsert yn de bûtenloft is, mar ik hoopje wol op moai waar." Ek oer de sfear op it festival binne beide Friezen bot te sprekken. "It is gesellich op dit festival. Wy hoopje op in grutte opkomst en in soad gesellichheid."

(advertinsje)