Oranjewoud Festival

It binne plakken dy’tst nea sels mei it bleate each sjen kinst, de ûnder en boppewetterwrâld fan it natuergebiet De Deelen. Yn ‘It geheim fan de Deelen’ nimt Omrop Fryslân dy op it Oranjewoud Festival op bysûndere wize mei nei it natuergebiet.

Stap yn de âlde bunker op it festivalterrein fan it Oranjewoud Festival en ûnderfyn de ûnder- en boppewetterwrâld fan De Deelen. ‘It geheim fan De Deelen’ is oant sneon 9 juny te sjen. 

Mei in spesjaal ûntwikkelde kamera makke filmer Herman Zeilstra foar Omrop Fryslân de meast bysûndere bylden fan De Deelen. Mei in kamera dy’t yn in bestjoerbare gâns sit kin hy tichter as ea by bepaalde bisten komme. In fûgel dy’t sit te brieden is bygelyks sa op de gefoelige plaat lein..

‘It geheim fan De Deelen’ is fan 1 oant en mei 14 juny te sjen op it Oranjewoud Festival.

(advertinsje)

Lêzingen

Roel Vriesema: in dûk yn it ferline
Om noch mear oer de natoer en De Deelen te witten te kommen is it mooglik om oan te skowen by lêzingen. De Deelen is in unyk natoergebiet en hat in moaie skiednis. Boskwachter Roel Vriesema hâldt by de lêzing in ynspirearend ferhaal oer it gebiet hjoed-de-dei en it ferline dêrfan.

Opjaan foar de lêzing fan Roel Vriesema kin hjir.

Christophe Brochard: foar it bleate each ûnsichtber
De twadde lêzing sil jûn wurde troch Christophe Brochard. Berne yn Frankryk en mei in wiere passy foar alles wat groeit en bloeit. Yn de lêzing fertelt hy alles oer de ûnderwetterwrâld. Sa komst te witten wêrom't sieralgen sa wichtich binne foar in goede wetterkwaliteit. Boppedat sil Christophe dy ferrasse. Wy op ierde hawwe nammentlik bûtenierdske wêzens yn ús achtertún sa lit hy witte.

Opjaan foar de lêzing fan Christophe Brochard kin hjir.

(advertinsje)