Wa fertsjinnet in Omrop-lintsje?

Omrop Fryslân spjeldet lintsjes op!

Wa fertsjinnet neffens jo in lintsje? Omrop Fryslân Radio dielt freed 24 april, de dei fan de lintsjerein, spesjale Omrop-lintsjes út. Dy binne foar minsken fan wa't harkers fine dat sy om wat foar reden dan ek in ûnderskieding fertsjinje. It opjaan koe oant en mei 20 april.

De live-ferslachjouwers binne freed 24 april op 'en paad om de Omrop-lintsjes op te spjeldzjen. De Omrop-lintsjerein is de hiele dei te folgjen fia de radio en ynternet.

Sjoch hjirûnder foar de ferhalen en de minsken dy't in Omrop-lintsje ûntfongen

(advertinsje)

Rinze Dijkstra en Sjoerd Tigchelaar sr. - De Hommerts

  • Rinze Dykstra en Sjoerd Tichelaar - De Hommerts

De lêste lintsjes fan hjoed geane nei Rinze Dijkstra en Sjoerd Tigchelaar sr. Dizze beide mannen ûnderhâlde al jierrenlang de fuotbalfjilden fan de fuotbalklup yn Hommerts, alle wiken wer, yn waar en wyn, en de fjilden lizze der picobello by. Mar dat is net alles, beide mannen dogge ek in prottge kerweitsjes yn it doarpshûs fan Hommerts. Ek hjoed wer.

Auke Hylkema - Balk

  • Auke Hylkema - Balk

Auke Hylkema soe in Keninklik lintsje perfoarst wegerje, mar syn freonen drage him mei genoegen foar foar it Omroplintsje. Auke docht in protte foar in oar, en altyd sûnder eigenbelang. Auke set him yn foar ferskate organisaasjes: de jeugdsoos, de iiswegesintrale, de badmintonklup, de tsjerke, 'tafeltje dekje', en as rayonhaad foar de âlvestêdeferiening set er Balk ek alle winters wer yn de skynwerpers. Neffens syn freonen wurdt it heech tiid dat Auke self yn it sintsje set wurdt.

Jantje Wiebenga - Beetstersweach

  • Jantje Wiebenga - Beetstersweach

Beppe Jantje Wiebenga is in grut foarbyld foar beppesizzer Gejanne Sibma. Beppe hat oant har santichste oan it wurk west, en doe is se ferhûze nei soarchsintrum Nij Boekehiem omdat it mei har man net goed gie. De famylje tocht dat se it wol rêstiger krije soe, mar dat foel ôf. Se is no al in jier as tolve drok dwaande mei klaverjasse, sjoele, rummikub, gymnastyk, iten siede, kofjeskinke, fiskklup en koaren. Se is in echt oansprekpunt foar alle bewenners fan it Boekehiem. Gejanne hopet dat se letter ek sa wurdt.

Bauke Agricola - Skarsterbrêge

  • Bauke Agricola - Skarsterbrêge

Trije wike lyn stoar de mem fan Tineke Koopman. Njoggen jier lyn rekke se demint, en letter kaam se yn soarchbuorkerij Westersypen te wenjen. Dêr litte se minsken yn harren wearde. Eins ha alle meiwurkers fan dizze soarchbuorkerij wol in lintsje fertsjinne, sizze Tineke en har susters, mar om der ien út te pakken neame se Bauke Agricola. Hy is de stille krêft efter syn frou en dochters, dy't it bedriuw runne. Hy nimt de tiid om mei bewenners in bakje kofje te drinken, in eintsje te fytsen, even nei de merk, of in oar útstapke. In lintsje foar Bauke, foar alles wat er dien hat foar Tineke en har susters, mar foaral foar har mem.

Hinke Huisman-Dolstra - De Tijnje

  • Lintsje foar Hinke Huisman-Dolstra

Flak foardat er 65 waard, is de man fan Hinke Huisman troffen troch in beroerte. Hy rekke iensidich ferlamme. Se soene genietsje fan it pensioen, mar dat rûn dus oars. Hinke draacht no de folsleine soarch foar har man. Se bringt him oeral hinne mei de auto, wylst se foarhinne net in soad auto ried. De tún docht se hielendal allinne, en fansels ek alles foar har man at er self net mear kin. Har suster Mieke hat dêr in soad respekt foar. Mar soks sizze je noait.

Anne Drost - Sint Jabik

  • Lintsje foar Anne Drost

Anne Drost is opjûn troch syn frou Betty. Anne fertsjinnet it wol om fol hong te wurden mei lintsjes, seit se. Hy is har man, maat en mantelsoarger. Se hat MS en dêr krijt hy it hieltyd drokker mei. Anne en Betty ha it finansjeel net altyd like maklik, en dêrom is se bliid dat se no sa wat foar him dwaan kin.

Ype Bonnema - Easterbierrum

  • Ype Bonnema fan Easterbierrum

Ype Bonnema fan Easterbierrum is al jierren de behearder fan it doarpshûs yn Easterbierrum. In betelle baan, mar hy docht noch folle mear. Fynt fanalles út om it doarp libbend te hâlden. Fyftjen jier lyn kaam er mei it idee om in biljerttoernooi te hâlden, en noch altyd komme dêr sa'n 50 minsken op ôf. Hy ynstallearre de doarpsrie, oerleit mei skoalle en doarpsbelang om nije ideeën te ûntwikkeljen. Ype hat fan it doarpshûs in klopjend hert makke, dêr't elk graach komt.

Richtsje Appelman - Wurdum

  • Richtsje Appelman út Wurdum

Richtsje Appelman út Wurdum is opjûn troch har trije dochters, omdat se in echte bikkel is. Twa en in heal jier lyn krige se darmkanker, en nei in swiere operaasje moast se twa wiken op de Intensive Care lizze. Yn de herstelperioade hat se sa posityf west, dat se eins allinne dêrfoar al in lintsje fertsjinnet. Se is in trochsetter, yn desimber hat se de 'Adventure Run' op it Amelân alwer rûn, fiif kilometer, en net tsien wat se oars altyd die. En se fytst fiif dagen yn de wike nei har mem fan 93, dy't yn Abbingahiem wennet, om har te helpen mei waskjen en sa. Richtsje is in foarbyld foar har bern, dy fine it prachtich om te sjen hoe't se de regy oer har eigen libben wer werompakt hat.

Buorfrou Jannie de Haan - Garyp

  • Jannie de Haan

Buorfrou Jannie de Haan út Garyp is opjûn troch de famylje Timmermans, broers en susters, partners en bern, tegearre sa'n 40 man sterk, omdat se al 18 jier lang elke freed klearstiet foar beppe Akke. Buorfrou Jannie fersoarget dan it hier fan beppe Akke, docht de krolspjelden yn, en dat altyd mei deselde fleurichheid en geselliche gesprekken. Dat hat se sa njonkenlytsen al hast 1000 kear dien! De famylje fan beppe Akke hat tige folle wurdearring foar de goede soargen fan buorfrou Jannie.

Juf Alie de Jager - Drachten

  • Lintsje foar juf Alie de Jager

Juf Alie de Jager is opjûn troch har broer Jaap. Se komme út in gesin fan acht bern, mar Alie springt der wol boppe út. Se is drok mei fan alles, by de tsjerke, yn de buert, en yn de famylje. Doe't de frou fan Jaap stoar, hie Alie in protte omtinken foar him. En dit jier is Alie 25 jier skoaljuffer op De Rank yn Drachten, in basisskoalle foar bern mei in beheining. Dat freget in protte fan har, mar se docht it mei leafde. En dêrom fertsjinnet se in lintsje.

Evert van den Brink - De Jouwer

  • Lintsje foar Evert van den Brink

Eliza hat har heit Evert van den Brink fan de Jouwer opjûn omdat er altyd foar iederien klear stiet. Dat idee kaam eins net fan har sels, mar fan har oansteande man, Simeon. Foar him is it mei Evert as hat er der in heit by krigen. Evert set him ek bot yn foar syn eigen heit en mem, de heit fan Evert hat nammentlik in beroerte hân, en sit yn in rolstoel. Foar beppe wie dat wol lestich, mar Evert is in rots yn de branding. Ek op it wurk set er him bot yn foar de klanten. En ek al sil Eliza aanst mei in oare man trouwe, heit mei best wite dat er har grutte held is en bliuwt!

Beppe Ike Leenstra-de Wever - Sint-Nyk

  • Lintsje foar Ike Leenstra-de Wever

Beppe Ike Leenstra fan Sint Nyk is bysûnder omdat se bot belutsen is by har beppesizzers. Se is in trouwe supporter fan de follybalploech fan beppesizzer Marion, dy har opjûn hat foar it Omroplintsje, en ek fan it fuotbalteam fan Marion har broerke Renado. Ek as it reint, stiet se oan it fjild. Under in paraplu fansels. In pear jier lyn bine de âlden fan Marion en Renado skieden, en doe ha se bot steun oan beppe hân. Foar beppe moat dat net maklik west ha, har man wie doe ek krekt ferstoarn. Marion neamt beppe Ike har grutte foarbyld.

Wallie Aartsma - Bakhuzen

  • Lintsje foar Wallie Aartsma

Wallie Aartsma fan Bakhuzen stiet dei en nacht klear foar har gesin. Har soan fan 19 hat in dûbele handikap, en kin kwalik mear prate. Har man hat 13 jier lyn in harsentumor hân, en is sûnt in pear jier blyn. Dochter Dineke hat har mem opjûn foar in lintsje, omdat mem altyd earst oan in oar tinkt. Net allinne oan har eigen hûshâlding, sa set se alle wiken foar de buorlju de kontener oan de strjitte. "Kortom, ze is een geweldig mens!"

Jacob S. Leenstra - Koudum

  • Lintsje foar Jacob S. Leenstra

Jacob Leenstra fan Koudumfertsjinnet in lintsje omdat er him al jierrenlang foar oaren ynset. Doe't er 18 wie soarge er al foar omke Sybren, dy't in alcoholprobleem hie. Famyljeleden hiene omke Sybren al opjûn, mar Jacob sette troch. It kostte him oardel jier fan syn studzje, mar de soarcg foar omke Sybren bleaun. Yn 2000 stoar omke Sybren, en yn syn hûs wennet Jacob no mei syn frou Dineke. Har broer is dôf, en ek foar him soarget Jacob.

Op 28 maart fan dit jier is de mem fan Jacob stoarn. Foar har hat Jacob ek in protte soarge. Doe't Jacob en Dineke yn Koudum kamen te wenjen, woe mem wol foar se itensiede. Mar al gou krigen se alle dagen oanbakte ierdappels. It gie steeds minder goed mei mem. Jacob helpt har geregeld mei waskjen en sa. En alle dagen brocht er har in farsk sean aai. As mem witen hie fan it Omroplintsje, dan hie se it grif foar Jacob oanfrege!

(advertinsje)