Omrop Fryslân siket bysûndere ferhalen oer de Ofslútdyk

De kommende fjouwer jier ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De ikoanyske dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter.

Wat is dyn ferhaal oer de Ofslútdyk?

Foar Omrop Fryslân sil programmamakker Janko Krist de reportaazjes meitsje. "Elke Fries is dochs minstens ien kear yn syn libben oer de Ofslútdyk riden, guon ride der alle dagen oerhinne. It is en bliuwt in bysûndere rit. En sa binne der fêst hûndert ferskate ferhalen." Omrop Fryslân is op syk nei dizze ferhalen. Fan bewenners oant de campinggasten, en fan forins oant de fytsfanaten. Fan de meast bysûndere ferhalen wurde reportaazjes makke. Dat docht Omrop Fryslân yn gearwurking mei NH Media, de regionale omrop fan Noard-Hollân.

(advertinsje)