No derfoar!

Under it wurk, ast dyn hûs himmelest of gewoan ast op de bank sitst mei in bakje kofje: tusken 09:30 en 12:00 oere is Harm Weistra der foar dy mei No derfoar! Lekkere muzyk, nijsgjirrich nijs, moaie ferhalen: No derfoar! hat it allegearre.

Fansels ha we ek romte foar bedriuwen yn Fryslân. Yn in spannende kwis nimme twa bedriuwen it moandeis tsjin inoar op. Piet Paulusma is te hearren mei syn muzyk en fansels it waar.

En yn 'Mynt of dynt' besykje Harm en syn producers Martine en Jitze harren favorite plaat op de stjoerder te krijen; do meist kieze hokker it wurdt!

De Biznizkwiz!

Wolsto it mei dyn bedriuw opnimme tsjin in oar Frysk bedriuw? Jou dy no op!

Benijd nei ús oare programma's op de radio? Sjoch en lês it hjir!

(Advertinsje)