Wergea, It lûd fan de mar

Alle jierren wer barde it mei it oantikjen fan de hjerst. Meastentiids wie it de earste stoarmeftige dei dat it om de mar hinne begûn te spûkjen. De wyn raasde om de pleatsen. It wetter stie heech. En middenyn dy stoarm, wie der dat mystearyske lûd. It lûd fan de mar, dat gjinien thúsbringe koe. En alle jierren op 'e nij wie der de moarns nei de stoarm wér in húshâlding slim rekke. 'It lûd fan de mar' nimt it publyk letterlik mei oer it wetter yn in leginde fan eartiids. Of hat de leginde ús noch altyd yn de besnijing?

It lûd fan de mar is lokaasjeteater op it wetter yn de iepen loft. Jo wurde ferwachte yn multyfunksjoneel sintrum De Bidler, Kerkbuurt 2 yn Wergea. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Wergea, It lûd fan de mar. Alle foarstellingen binne al útferkocht.

Spyldata

  • Sneon 14 septimber om 20.00 oere
  • Snein 15 septimber om 20.00 oere
  • Tiisdei 17 septimber om 20.00 oere
  • Woansdei 18 septimber om 20.00 oere
  • Freed 20 septimber om 20.00 oere
  • Sneon 21 septimber om 20.00 oere
  • Tiisdei 24 septimber om 20.00 oere
  • Woansdei 25 septimber om 20.00 oere
  • Freed 27 septimber om 20.00 oere
  • Sneon 28 septimber om 20.00 oere

Reservejûnen

  • Moandei 16 septimber om 20.00 oere
  • Tongersdei 19 septimber om 20.00 oere
  • Snein 22 septimber om 20.00 oere
  • Tongersdei 26 septimber om 20.00 oere
(advertinsje)