Broeksterwâld - Rêdbâd

Iepenloftspul Rêdbâd is dit seizoen yn reprize. Rêdbâd is in stik oer de lêste heidenske kening fan Noardwest-Europa. Hy waard rûn 700 nei Kristus sjoen as in machtige hearsker dy't fijannich tsjinoer it kristendom stie. Dêrneist rekke er meardere kearen yn konflikt mei it Frankyske Ryk. It ferhaal en libben fan kening Rêdbâd is wichtich yn de Fryske en Europeeske skiednis. It iepenloftspul wol sjen litte dat de wrâld en de mins troch de iuwen hinne net feroarje: ekonomy, religy, ymperialisme en represje slaan ivich en altyd foar master op.

It stik wurdt opfierd yn de Teatertún yn Broeksterwâld. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Broeksterwâld, Redbad.

Spyldata

  • Freed 31 maaie om 20.00 oere
  • Sneon 1 juny om 20.00 oere
  • Freed 7 juny om 20.00 oere
  • Sneon 8 juny om 20.30 oere

Sjoch ek nei de filmkes dy't wy ferline jier al makken oer it stik.

 

(advertinsje)