Appelskea, Hongerproces

Yn it ramt fan de betinking fan de stjerdei fan de sosjalistyske politikus Ferdinand Domela Nieuwenhuis wurdt yn Appelskea it iepenloftspul 'Het Hongerproces van Appelscha in 1893' opnij opfierd. Appelskeaster en frije sosjalist Tinus Veenstra skreau it stik nei de Twadde Wrâldoarloch nei oanlieding fan in brea-oproer dat yn 1893 yn Appelskea plakhie; it waard ien kear opfierd yn 1946. Sjoernalist Henk Vondeling skreau in nije fariant foar it stik mei in dúdlike knypeach nei de tiid fan no.

De lokaasje fan it stik is it iepenloftteäter De Koele, Bosberg 3A, 8426 GJ yn Appelskea. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside Appelskea, Hongerproces.

Spyldata

  • Freed 13 septimber om 19.45 oere
  • Sneon 14 septimber om 19.45 oere
  • Snein 15 septimber om 19.45 oere
(advertinsje)