Jorwert, Stjer yn it tsjuster

Stjer yn it tsjuster is in tragysk-muzikale fertelling oer it libben fan Micha. Sy wurket dei en nacht yn in fabryk om in eachoperaasje foar har soan bekostigje te kinnen, sadat er net blyn wurde sil as er krekt sa âld is as sy. Micha sjocht fanwegen dyselde erflike eachoandwaning sels hast neat mear. Dat wjerhâldt har der lykwols net fan om libbensgefaarlik wurk te dwaan oan de masinen yn it fabryk. As se hast genôch jild byinoar sparre hat, wurdt se bestellen. It ûntmaskerjen fan de dief rint út op in drama, mei grutte gefolgen foar Micha...

De lokaasje fan it stik is de notaristún yn Jorwert. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Jorwert, Stjer yn it tsjuster.

Spyldata

  • Tongersdei 29 augustus om 20.30 (try-out)
  • Freed 30 augustus om 20.30 (Jorwerter jûn)
  • Snein 31 augustus om 20.30 (premjêre)
  • Tiisdei 3 septimber om 20.00 oere
  • Freed 6 septimber om 20.00 oere
  • Sneon 7 septimber om 20.00 oere
  • Tiisdei 10 septimber om 20.00 oere
  • Tongersdei 12 septimber om 20.00 oere
  • Freed 13 septimber om 20.00 oere
  • Sneon 14 septimber om 20.00 oere
  • Tongersdei 19 septimber om 20.00 oere
  • Freed 20 septimber om 20.00 oere
  • Sneon 21 septimber om 20.00 oere
  • Tongersdei 26 septimber om 20.00 oere
  • Freed 27 septimber om 20.00 oere
  • Sneon 28 septimber om 20.00 oere

Reservedata: 1, 4, 8, 11, 15, 22 en 29 septimber

(advertinsje)