Jorwert (Yn waar en wyn), Neat

NEAT fertelt it ferhaal fan jongerein út samar in doarp. It ferrin fan harren libben leit al yn it foar fêst: braaf binne se alle dagen op skoalle te finen en folbringe sy sa wat it libben fan harren ferwachtet. It stik is basearre it boek 'Niets' fan Janne Tellers en giet oer de eangst foar in sinleas libben. De jongerein sykje nei de wiere betsjutting fan it libben, mar is dat wol sa ienfâldich te finen?

De lokaasje fan it stik is oan de Hesenserreed 3 yn Jorwert. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Jorwert (Yn waar en wyn), Neat.

Spyldata

  • Freed 12 july om 21.00 oere
  • Sneon 13 july om 21.00 oere
  • Tiisdei 16 july om 21.00 oere
  • Woansdei 17 july om 21.00 oere
  • Freed 19 july om 21.00 oere
  • Sneon 20 july om 21.00 oere
(advertinsje)