Snakkerbuorren, Fan mûzen en mannen

Yn Snakkerbuorren wurdt dit seizoen de teäterbewurking fan it ferneamde 'Of mice and men' fan John Steinbeck opfierd. It stik spilet him ôf yn de jierren '30 fan de foarige iuw yn Amearika. De arbeiders George en Lennie komme oan op in nije buorkerij om dêr oan it wurk te gean. Fan harren eardere wurkplak binne se flechte om't de geastlik beheinde Lennie fertocht wurdt fan oanranding fan in jonge frou. Lennie hâldt der nammentlik fan om sêfte bisten, foarwerpen of minsken oan te reitsjen en te aaien. Op de nije lokaasje begjint alles goed, mar dan slacht it needlot ta.

De lokaasje fan it stik is it iepenloftteäter yn de doarpstún yn Snakkerbuorren. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Snakkerbuorren, Fan mûzen en mannen.

Spyldata

  • Woansdei 26 juny om 21.00 oere
  • Freed 28 juny om 21.00 oere
  • Sneon 29 juny om 21.00 oere
  • Woansdei 3 july om 21.00 oere
  • Tongersdei 4 july om 21.00 oere
  • Freed 5 july om 21.00 oere
  • Sneon 6 july om 21.00 oere
(advertinsje)