Kollumersweach, Nienke

NIENKE giet oer it libben fan Sjoukje Maria Diderika Troelstra- Bokma de Boer. Sy wie de frou fan Pieter Jelles Troelstra en de skriuwster fan De Tsien fan Martens Afke/ Afkes Tiental; ûnder it pseudonym Nynke fan Hichtum. It stik giet oer Nienke (Sjoukje), mar ek oer Afke, trochdat der ferhalen út it boek, Afkes Tiental, brûkt wurde. Sa rinne de beide libbens yn inoar oer en wurdt dúdlik dat Afkes libben eins net safolle ferskilt fan Nienke har libben. Nienke wie de earste frou dy't yn de sjoernalistyk wurke. Sa lit it stik ek sjen dat it libben fan in frou yn in mannewrâld noch net sa maklik is en dat de mienskip fan doe net sa'n soad ferskilt fan dy fan no...

De lokaasje fan it iepenloftspul is Foarwei 183, yn Kollumersweach. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Kollumersweach, Nienke.

Spyldata

  • Freed 21 juny om 20.00 oere
  • Sneon 22 juny om 20.00 oere
  • Freed 28 juny om 20.00 oere
  • Sneon 29 juny om 20.00 oere

Reservedata: 23 en 30 juny om 15.00 oere

(advertinsje)