Dronryp, Turks fruit

Basearre op it ferneamde boek fan Jan Wolkers en de film fan Paul Verhoeven fiert it 'Iepenloftspul Dronryp' yn 2019 'Turks fruit' op. Haadfiguer Erik is in jonge bejeftige keunstner, hat in net te stuitsjen libido en wit hoe't er in frou fersiere moat. Hy komt op in dei samar ynienen it 'dizige reade bist' Olga tsjin op wa't hy grinsleas fereale wurdt. De leafde tusken him en syn Olga set foar beiden de wrâld yn 'e brân, mar Erik hat ek te krijen mei in heks fan in skoanmem dy't graach alles nei har hân sette wol. Dêrtroch moat Erik alle seilen bysette en karren meitsje. Troch syn benearjende leafde foar Olga en syn grutte libido komt de relaasje ûnder druk te stean en sil der in soad feroarje...

De lokaasje fan it iepenloftspul is oan 'e Haven yn Dronryp. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Dronryp, Turks fruit.

Spyldata

  • Freed 21 juny om 21.00 oere (premjêre)
  • Sneon 22 juny om 21.00 oere
  • Woansdei 26 juny om 21.00 oere
  • Freed 28 juny om 21.00 oere
  • Sneon 29 juny om 21.00 oere
  • Freed 5 july om 21.00 oere
  • Sneon 6 july om 21.00 oere

Reservedata: 23, 24, 27 en 30 juny en 1, 7 en 8 july

(advertinsje)