Easterwierrum, MACBETH

It twa-stjerrerestaurant 'Skotlân State' fan eigener Duncan van Groningen hat in bêste namme. Nearne oars sette se sokke lekkere burgers op 'e tafel as dêr. It feit dat Duncan alle dagen op telefyzje is mei syn eigen itensiedersprogramma draacht oan dy reputaasje by. Yn sa'n restaurant wurdst fansels graach sjoen, as gast.

MACBETH is de sjef fan ' Skotlân State': hy is topkok en is de baas oer it keukenpersoaniel. Syn frou, Lady MACBETH, soarget der yntusken foar dat de sjike gasten neat te koart komme. Koartsein: it giet as it slydjaget mei it restaurant. Oant MACBETH trije jiske-ophellers tsjin it liif rint, dy't him foarsizze dat Skotlân State in tredde stjer krije sil en MACBETH de lieding oer it restaurant oernimme sil fan Duncan...

De lokaasje fan it iepenloftspul is neist MFC De Tysker, oan De Eker yn Easterwierrum. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Easterwierrum, MACBETH.

Spyldata

  • Tongersdei 20 juny om 20.30 oere (premjêre)
  • Snein 22 juny om 20.30 oere
  • Snein 23 juny om 15.30 oere
  • Woansdei 26 juny om 15.30 oere
  • Freed 28 juny om 20.30 oere
  • Sneon 29 juny om 20.30 oere

Reservedata: 21, 25 juny om 20.30 oere en 30 juny om 15.30 en 20.30 oere

(advertinsje)