Houtigehage, Gean of bliuwe...?

De fraach 'gean of bliuwe?' jout sa'n hûndert jier ferlyn in soad gedoch yn it buorskip Luchtenveld op 'e Houtigehage. Ien fan de lêste plakken dêr't de bewenners noch heide ta boulân as greide meitsje en dêrnjonken wurkje wolle wêr't mar wurk te finen is. It tiidrek tusken twa wrâldkrigen is tekene troch oarloch, flechtlingeproblematyk, earmoede, honger, útrûpeling en arrogânsje fan macht. Jonge minsken mei ambysje sykje nei wizen om fuort te kommen. Emigrearje nei in oar lân; gean of bliuwe?

De lokaasje fan it iepenloftspul is Skoallewyk 10, 9223 NK Houtigehage. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Houtigehage, Gean of bliuwe...?

Spyldata

  • Freed 14 juny om 20.30 oere
  • Sneon 15 juny om 20.30 oere
  • Snein 16 juny om 15.00 oere
  • Freed 21 juny om 20.30 oere
  • Sneon 22 juny om 20.30 oere
  • Snein 23 juny om 15.00 oere
(advertinsje)