Brantgum, De lêste floed

Wat spile him ôf yn de húshâlding fan Tsjerk Vogel, doe't yn 1969 it beslút foel om de Lauwerssee ôf te sluten fan de Waadsee. Trije generaasjes fan de famylje Vogel hiene jierrenlang wurke om in stik see, dat yn de Midsiuwen troch in stoarmfloed ûntstien wie, werom te winnen. Tsjerk seach it as syn libbensdoel om de djippe ynhammen, it ferlerne gebiet sa as hy dat neamde, syn eigen te meitsjen. Dat woe hy syn beide soannen ek oplizze. Dat de jonges dat oars seagen; dat koe er net begripe.

De lokaasje fan it iepenloftspul is sportterrein It leechje, Ringwei 9153 BK Brantgum. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Brantgum, De lêste floed.

Spyldata

  • Tongersdei 13 juny om 21.00 oere
  • Freed 14 juny om 21.00 oere
  • Sneon 15 juny om 21.00 oere
  • Tongersdei 20 juny om 21.00 oere
  • Freed 21 juny om 21.00 oere
  • Sneon 22 juny om 21.00 oere
(advertinsje)