De Tynje, Wit jim mem it wol?

Wit jim mem it wol? is basearre op de musical Mama mia! oer de jonge Sophie dy't op har trouwerij foarjûn wurde wol troch har heit. Wat folget is in komysk leafdesferhaal wêryn't de syktocht nei trije 'potinsjele heiten' fan Sophie sintraal stiet. Dat alles wurdt begelaat troch Fryske oersettingen fan ABBA's grutste hits.

De lokaasje fan it iepenloftspul is de tún fan Theeschenkerij De Ulesprong, Ulesprong 1 yn de Tynje. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan De Tynje, Wit jim mem it wol?

Spyldata

  • Woansdei 22 maaie om 20.30 oere (foarpremjêre)
  • Freed 24 maaie om 20.30 oere (premjêre)
  • Sneon 25 maaie om 20.30 oere
  • Tiisdei 28 maaie om 20.30 oere
  • Woansdei 29 maaie om 20.30 oere
  • Sneon 1 juny om 20.30 oere

(Reservedata: 26, 27, 30 en 31 maaie om 20.30 oere, 2 juny om 14.00 en 20.30 oere)

(advertinsje)