Aldegea (Sm), De riedselman

Hattum Alleman junior giet op in dei yn 1808 op reis en lit alles efter. Foar aventoer of soe it dochs in oare reden hawwe? It lei heechstwierskynlik yn it suden, mar east of west is ek net út te sluten. Wol is wis dat hy rjochting it noarden gong. It ferhaal fan 'De riedselman' giet oer it fuortgean fan Hattum, syn reis en syn ferbliuw yn it Fryske plak, en doedestiids gritenij, Aldegea yn Smellingerlân. Letter waard er bekend as Hattum, in man dy't ûnder oaren tûk wie yn it opjaan fan riedsels. It wie ek in riedsel dat him úteinlik út de finzenis hold. Mar Hattum wie mear dan dat, hy wie in echte Alleman, de minsken hâlden fan him én wiene bang foar him. Hy waard bejubele en ferhune; like frjemd as bekend. Immen sa as wy, op reis.

De lokaasje fan it iepenloftspul is Sânbuorren 1, Aldegea Sm. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Aldegea (Sm), De riedselman.

Spyldata

  • Tongersdei 16 maaie om 20.30 oere (besletten foarstelling)
  • Freed 17 maaie om 20.30 oere (premjêre)
  • Sneon 18 maaie om 20.30 oere
  • Tongersdei 23 maaie om 20.30 (reservejûn)
  • Freed 24 maaie om 20.30 oere
  • Sneon 25 maaie om 20.30 oere
  • Snein 26 maaie om 20.30 oere (reservejûn)
(advertinsje)