Jorwert - De famylje Bellier

Iepenloftspul De Famylje Bellier fertelt oer famylje Bellier, it doarp dêr't sy wenje en it koar dêr't hast elk út it doarp by sit. Utsein âldste dochter Famke, is elkenien yn de famylje Bellier dôf. Op de pleats dêr't sy buorkje en yn it doarp tsjinnet Famke dan ek as ferbining nei de bûtenwrâld ta. Mar, Famke dreamt derfan om fuort te gean en frij te wêzen. As sy by it doarpskoar giet, blykt se oer sa'n bûtengewoan moaie stim te beskikken dat de dirigint har oanriedt der wat mei te dwaan. Famke belânet yn in ûnmooglike spagaat: Kiest se foar harsels, of kiest se foar de famylje?

It Jorwerter iepenloftspul wurdt opfierd yn de Notaristún. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Jorwert, De famylje Bellier.
 

Spyldata

  • Tongersdei 30 augustus om 20.30 oere
  • Freed 31 augustus om 20.30 oere
  • Sneon 1 septimber om 20.30 oere
  • Tiisdei 4 septimber om 20.30 oere
  • Tongersdei 6 septimber om 20.30 oere
  • Freed 7 septimber om 20.30 oere
  • Sneon 8 septimber om 20.30 oere
  • Tiisdei 11 septimber om 20.30 oere
  • Tongersdei 13 septimber om 20.30 oere
  • Freed 14 septimber om 20.30 oere
  • Sneon 15 septimber om 20.30 oere
  • Tongersdei 20 septimber om 20.30 oere
  • Freed 21 septimber om 20.30 oere
  • Sneon 22 septimber om 20.30 oere
  • Tongersdei 27 septimber om 20.30 oere
  • Freed 28 septimber om 20.30 oere
  • Sneon 29 septimber om 20.30 oere

Reservedata: Wannear't in stik net trochgiet, wurdt dat, en de ferfangende datum, dyselde jûn bekend makke op de side fan Iepenloftspul Jorwert.

(advertinsje)