Earnewâld - Myn Skip

It is ein septimber en it is tsjuster op it Earnewâldster Wiid. Ynienen klinke koperklanken oer it wetter. Der komt in skûtsje oansilen. It wurdt besongen troch in moai liet. Grutsk ropt de skipper: Myn skip! Mar dêr is it ploffende lûd fan de opdrukker al te hearren en de rook fan de diselmotor is te rûken: in nije tiid tsjinnet him oan. Yn it iepenloftspul 'Myn Skip' wurdt it skûtsje 'Myn Skip' folge troch trije tiidsperioaden hinne. Hûndert jier skûtsjehistoarje yn muzyk, yn byld, dûns, teäter en ferhaal wurdt fertaald nei it stik.

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Earnewâld, Myn Skip.

Spyldata

  • Freed 21 septimber om 20.00 oere
  • Sneon 22 septimber om 20.00 oere
  • Snein 23 septimber om 20.00 oere
  • Woansdei 26 septimber om 20.00 oere
  • Freed 28 septimber om 20.00 oere
  • Sneon 29 septimber om 20.00 oere

Reservedata: 27 en 30 septimber en 1 oktober.

(advertinsje)