De Harkema - De oerbliuwers

 

Yn 'De oerbliuwers' binne alle minsken út de noardlike provinsjes ferhuze nei de Rânestêd ta. Allinnich in groep fan fjirtich Harkiten bliuwt, ûnder lieding fan Moai Aaltsje, en bout in delsetting yn it Lauwersmargebiet: Nij Harkema. In agraryske kultuer sûnder gif, antibioatika, dongoerskot en fosfaat. De Oerbliuwers krije yn 'e gaten dat alles dat yn 'Nij Harkema' ferboud, slachte of betocht wurdt, gouden hannel is yn de Rânestêd. Der komme hieltyd faker wittenskippers en nijsgjirrige reizgers del en de mienskip komt ûnder druk te stean. De mienskip fan Moai Aal wêryn't froulju en in froulike kultuer dominearje, rekket yn de war, nettsjinsteande de wielde dy't de hannel bringt.

It stik fynt plak by de Spitkeet yn De Harkema. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan De Harkema, De oerbliuwers.

Spyldata

  • Woansdei 12 septimber om 20.30 oere
  • Freed 14 septimber om 20.30 oere
  • Sneon 15 septimber om 20.30 oere
  • Woansdei 19 septimber om 20.30 oere
  • Freed 21 septimber om 20.30 oere
  • Sneon 23 septimber om 20.30 oere

Reservedata: 13, 16, 17, 20, 23, 24 septimber

(advertinsje)